Hearrenfeanspiler Bakker: "Mijn hond voorspelt een overwinning voor Groningen"

Paul de oktopus waard by it WK fuotbal fan 2010 wrâldferneamd omdat hy wedstriden goed foarsizze koe. De hûn fan sc Hearrenfeanspiler Nick Bakker hat no foarsein dat Hearrenfean yn de noardlike twastriid tsjin FC Groningen oan de koartste ein lûkt.
In kameraploech fan RTV Noord wie by Nick Bakker op besite foar in item oer de noardlike twastriid. Der waard besletten om de hûn de útslach fan sc Hearrenfean - FC Goningen bepale te litten troch hûnebrokken yn in blau (Hearrenfean) en in grien (Grins) bakje te dwaan. "Hij koos uiteindelijk voor het groene etensbakje, dus hij heeft daarna een paar dagen geen eten gehad", laket Bakker.

Nick Bakker wie in echte Grins-supporter

Nick Bakker is hikke en tein yn 'e stêd Grins. "Ik ben een echte stadjer." Yn totaal fuotballe Bakker 13 jier lang by FC Groningen. "Ik was vroeger een grote fan van Groningen. Had vanaf mijn vijfde jaar een seizoenskaart en dan ging ik altijd samen met mijn vader. Ik vond Hugo, die middenvelder, altijd een goede speler en je had natuurlijk Nevland. Dat was een hele bijzondere speler."
Er staat trots en eer op het spel.
Nick Bakker oer de noardlike derby
Begjin 2012 makke Nick Bakker syn debút yn it earste alvetal fan Grins. Yn 2016 makke hy de oerstap nei FC Emmen om dêr foar it earst yn 'e klupskiednis te promovearjen nei de earedivyzje. Nei fiif seizoenen makke hy ôfrûne simmer transferfrij de oerstap nei Hearrenfean.
"Het is een derby, dus er staat wel wat op het spel: trots en eer. We willen met de supporters weer een feestje vieren in het stadion. Ik denk dat we met 2-0 gaan winnen."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.