"It is hertferwaarmjend om te sjen hoe't elkenien him drok makket om ús"

De wrâld fan de Oekraynske Dariia (17) stiet op syn kop. It iene momint is se studint yn Kiev, it oare momint sit se as flechtling yn Beetstersweach. Foar Omrop Fryslân docht se ferslach fan har libben. Diel 4: studearje.
© Omrop Fryslân
"Alle dagen sjoch ik mear fan hoe't de minsken binne dy't hjir wenje. It is hertferwaarmjend om te sjen hoe't elkenien him drok makket om ús en ús helpe wol.
Myn famylje en de oare Oekraynske famyljes binne sa tankber foar alles wat der foar ús dien wurdt. It is dreech om yn wurden te omskriuwen. Dat is de reden dat wy altyd helpe wolle mei it deistichs wurk, sa as it itensieden, skjinmeitsjen en it boadskippen dwaan.

Itensiede, skoalprojekten en in winkel

Myn âlders besykje ek faak Oekraynsk iten te sieden foar de gastfamylje en foar ús, sadat de gastfamylje mear fan ús kultuer leare kin. Se fine de smaak fan it iten sa lekker dat wy grapkes meitsje om in itensiedersboek te meitsjen mei Oekraynske resepten.
Ek ha ik de dochter fan de gastfamylje dêr't wy by wenje, holpen mei in skoalprojekt. De opdracht wie om in kaart fan Oekraïne te meitsjen mei in skema fan de gefjochten fan it leger en in beskriuwing fan de meast wichtige minsken dy't meispylje yn de oarloch. We prate in soad oer histoaryske en politike ûnderwerpen oer Oekraïne.
Ik ha holpen as frijwilliger om in lytse winkel op te rjochtsjen yn ús hûs. Hjir kinne alle Oekraynske famyljes komme en meinimme wat se nedich hawwe.
Dariia
Dêrneist ha ik oare famyljes in soad holpen mei oersetten. We hawwe nei ferskate winkels west, nei sikehûzen en by de gemeente.
Ek ha ik holpen as frijwilliger om in lytse winkel op te rjochtsjen yn ús hûs. Hjir kinne alle Oekraynske famyljes komme en meinimme wat se nedich hawwe.
Se frege my oft ik dy Dariia fan telefyzje wie.
Dariia
Myn âlders woene ek in boosterfaksinaasje helje, dêrom ha ik mei de mem fan ús gastfamylje nei it faksinaasjesintrum west. Doe't ik de papieren foar se oan it ynfoljen wie, kaam de frou dy't dêr wurke nei my ta.
Se frege my oft ik dy Dariia fan telefyzje wie. It wie sa moai en grappich dat minsken my werkenne troch myn artikels en ynterviews. It meast grappige wie dat ik dêr in mûlkapke op hie, mar dat se my noch wol werkenne koe.

Studearje yn Grins?

It lêste ferhaal dat ik skriuwe wol giet oer myn stúdzje. In pear wike lyn ha ik in dei nei de stêd Grins west om de universiteit te besjen. De wichtichste reden om hjir hinne te gean wie om te sjen wat de mooglikheden foar it studearjen.
Foar't ik nei Beetstersweach kaam, wie ik earstejiersstudint by de 'Kyiv National University of trade and economics'. Ik studearre dêr ynternasjonale management.
It iennige dêr't wy efter kamen, is dat ik fan septimber ôf begjinne kin mei in studzje, nei't ik allegearre eksamens helle ha. Dêrom ha we de rest fan de dei foto's makke en de toeristyske plakjes besjoen. Wy hienen ek de kâns om op in platfoarm te gean (Forum, red.), dêr't wy de hiele stêd fan boppe ôf besjen koene.

Gjin laptop

Gelokkich is der yntusken wat oars betocht troch myn universiteit yn Oekraïne. Ofrûne freed begûnen sy mei online lessen dy't ik folgje kin. It grutte probleem wie dat ik gjin laptop hie om myn húswurk op te meitsjen en de lessen te folgjen.
It meast ûnferwachte wie dat ik de laptop fan him hâlde mocht.
Dariia
Dêrom hat de heit fan ús gastfamylje in advertinsje makke foar in lokale groep bewenners fan Beetstersweach.
Al fluch wiene der meardere minsken dy't my helpe woene en ha we ien fan harren moete. Hy wie sa leaf om my in laptop te jaan en út te lizzen hoe't dy wurket.
It meast ûnferwachte wie dat ik de laptop fan him hâlde mocht. Ik wie sa ferrast en koe net iens de wurden fine om út te lizzen hoe tankber ik bin."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.