Soad bistefoer ynsammele foar Oekraïnske húsdieren

Pûden fol hûnefoer, blikken mei patee foar katten: it stiet klear foar ferfier yn de keuken fan Nikki Lamers yn Jelsum. Har eigen kat is dúdlik: al miaukjend lit se witte it der net mei iens te wêzen dat it fuortbrocht wurdt.
Ynsammele bistefoer © Omrop Fryslân
"We hebben de afgelopen weken al een 450 kilo ingezameld hier in Jelsum", seit Nikki Lamers. Dat is fia in sammelpunt yn Ljouwert oerbrocht nei Oekraïne. "In Nederland is één centraal verzamelpunt. Vandaar gaat het naar Polen. Daar is iemand met een bedrijf die het dan naar Oekraïne brengt."

Frachtweinen fol

Nei de oprop ha tal fan minsken foer brocht. "Van die grote zakken hondenvoer en ook kitten- en puppymelk. Dat is hard nodig omdat veel kleintjes hun ouders kwijt zijn."
Al mei al neamt Lamers de aksje in sukses. Der binne al seis grutte frachtweinen fol bistefoer nei Poalen ta riden. De ferwachting is dat der ynkoarten noch twa dy kant út kinne. "Het lijkt misschien wel een druppel op een gloeiende plaat, maar als je maar een hond kunt helpen is het voor mij al genoeg."
De ynsammelaksje rint nei freed ôf. Nikki en har man wolle no sjen oft se har op in oare wize ynsette kinne foar it wolwêzen fan de húsbisten yn Oekraïne.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.