Rekkenje en staverje op it skoalleplein: "Stoepkryt is myn bêste freon!"

In staveringsles, mar dan op it skoalplein. Sokke bûtenlessen krije bern fan basisskoalle De Finne yn Beetstersweach faker. De lessen falle sa yn de smaak, dat juf Karin Akkerman de Fryske Bûtenlesjuf fan it jier wurden is.
"Dit is sa ferskriklik moai om te dwaan", seit juf Karin. "Sjochst dat de bern hartstikke entûsjast binne. Se binne super fanatyk mei it learen, wylst se it net yn de gaten ha. It is eins hielendal net sa dreech en hast hiel entûsjaste bern."

Skriuwe op it plein

Neffens de bûtenlesjuf binne der genôch lessen dy 't learkrêften bûten jaan kinne: "Dat kin fan alles wêze. Bygelyks in staveringsles. Dan betink ik in spul by bepaalde kategoryen, dy haw ik alris útlein. It is dus eins it oefenjen fan dy kategoryen. Dan dogge we dat op it plein. Stoepkryt derby, want se kinne likegoed op it plein wat skriuwe as op in bledsje."
Juf Karin fertelt fol fjoer: "Wat wol in learkrêft no noch mear?"
Neist staverings- en rekkenles krije de learlingen yn Beetstersweach fansels ek biologylessen. Dan geane se de natuer yn en leare se oer planten en bisten. Fan no ôf komme dêr nije spullen by; Karin Akkerman is de bêste bûtenspuljuf fan Fryslân wurden en de skoalle hat dêrom in kompleet bûtenlespakket krigen.

Bûtenlesplak

As bêste bûtenlesjuf fan Fryslân makket se ek kâns op de titel 'Beste buitenlesleerkracht van Nederland'. Op 5 april heart Akkerman oft se dy priis krijt. De winner krijt 2000 euro foar de oanlis fan in bûtenlesplak.
De bern nimme de âlden ek mei nei bûten om sjen te litten wat se leard ha.
Juf Karin Akkerman
Akkerman hopet dat de lessen de bern motivearje om de spulkompjûter stean te litten: "Ik hoopje dat se it mei nei hûs nimme. Hielendal wis binne je fansels noait."
Mar de sinjalen binne posityf: "Ik hear wol fan âlden dat de bern hiel entûsjast binne en dat se fertelle oer de dingen dy't se belibbe hawwe. De bern nimme de âlden ek mei nei bûten om sjen te litten wat se leard ha."
Bûtenlesjuf Karin by de staveringsles © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
De nominaasje is neffens har dan ek net belangryk, mar it is wol wichtich dat de bûtenles hjirtroch mear oandacht krijt.

Stoepkryt as bêste freon

"Miskien ferjitte we dat sa stadichoan in bytsje", seit de juf. "Bûten wêze is sa goed foar de bern, mar ek foar de learkrêft. Dan tinke je ekstra kreatyf oer je les nei. Tink hokker lesdoelen oftst hast en sjoch watst der bûten mei dwaan kinst. Stoepkryt is dyn bêste freon, dêr kinst in hiel soad mei."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.