Friezen fan helpkonfoai Oekraïne tefreden: "Al kinne wy net eltsenien helpe"

In konfoai fan tsien buskes mel helpguod foar Oekraïne, wêrfan't guon út Fryslân komme, hat syn lading mei sukses nei Sigethu brocht, oan de Roemeensk-Oekraynske grins.
By oankomst wie it wol efkes ûnwis wêr't it guod feilich besoarge wurde koe, sadat it ek by de minsken terjochte komme soe dy't it nedich hawwe. Mar mei help fan it Roemeenske gemeenteriedslid Iuga Nicolae en de Oekraynske gynekolooch Nataliia Kotsabyn waard dat al fluch regele.
Doazen fol helpguod © Omrop Fryslân
De lading mei in grut ferskaat oan guod is foar it grutste part besoarge by in grutte sporthal yn it sintrum fan it stedsje. It giet bygelyks om medisinen, wynsels, iten, strjemsel, militêre útrissing en noch folle mear.

Helpguod ferpartsje

Fan dêrút wurde de spullen op bestelling yn grutte en lytse partijen Oekraïne ynriden, nei sikehuzen, opfanglokaasjes foar flechtlingen en oare plakken dêr't it nedich is. In lyts part fan it goud lykas drinkbekers, boartersguod en fitaminen binne besoarge by helpferlieners yn Sigethu sels.
Marwin Coehoorn © Omrop Fryslân
Inisjatyfnimmer Marwin Coehoorn is tefreden oer it ferrin fan de reis en de help dy't oan de Oekraïners ferliend is. Krekt as de oare dielnimmers oan de reis is hy ûnder de yndruk fan wat hy oantroffen hat.
No steane dy bern der allinnich foar. Je krije pikefel as je soks hearre.
Marwin Coehoorn
"Al dy minsken dy't hjirhinne komme en alles efterlitte moatte. Guon ferhalen binne echt ferskriklik. Sa hearden wy dat in mem mei njoggen bern, ynklusyf in lytse poppe, op 'e flecht slein wie. Sy seach it net mear sitten en hat har sels it libben ûntnaam. No steane dy bern der allinnich foar. Je krije pikefel as je soks hearre", seit de Grouster ûndernimmer en Bosniëfeteraan.
Bern op 'e flecht © Omrop Fryslân
It is no de tredde kear dat Coehoorn belutsen is by in helpaksje yn 'e rjochting fan Sigethu. En hy is wis fan plan om der yn gearwurking mei in pear maten mei troch te gean. "It is sa nedich. Je kinne net eltsenien stypje, mar alle bytsjes helpe en it komt goed teplak."
Coehoorn hat yntusken in soad relaasjes opdien troch syn aksje, likegoed yn Nederlân as yn Roemenië en Oekraïne. Dat makket it wurk makliker en leveret ek nije donaasjes op. Hy is der flink drok mei, mar docht it mei in soad wille. "Ik haw myn ûndernimming ferline jier ferkocht en moat dochs wat dwaan", laket hy.

Dwaan wat je kinne

De helpfraach nimt yntusken ek ta. "Wy dogge wat wy kinne, mar wy kinne fansels net eltsenien helpe", seit Coehoorn. It idee is om ynkoarten net mear mei buskes, mar mei in frachtwein fol guod nei Sigethu ôf te reizgjen. Mar dat moat noch regele wurde.
Yn Sigethu komme alle dagen goed 2.000 flechtlingen binnen yn gruttere en lytse groepkes, fertelt riedslid Iuga. In lyts part dêrfan wurdt yn it stedsje sels opfongen. Mar de measten reizgje troch nei oare plakken en lannen.
Flechtlingen by de trein © Omrop Fryslân
In part mei eigen auto en mei help fan frijwilligers, út alle lannen fan Europa. Guon minsken kinne nei famylje, mar oaren witte net wêr't sy hinne moatte. Sy sykje help by de frijwilligers en de helporganisaasjes dy't ek by de grins aktyf binne. Mei help fan de Roemeenske spoarwegen binne fergees kaartsjes beskikber foar de trein.

"Dat rêde wy nea op"

Op de fraach wêrom't it gemeentebestjoer de measte minsken trochstjoert, seit Iuga: "Wy hawwe it no al dreech om minsken hjir op te fangen. En as de oarloch mear dizze kant opkomt is de kâns grut dat hjir ynienen folle mear minsken de grins oer wolle. Hoe moatte we dy dan helpe? Dit is mar in lyts stedsje. Dat rêde wy nea op."
Nataliia Kotsabyn is yn Oekraïne in hiel suksesfolle en bekende dokter, mei kontakten op it heechste nivo en oer de hiele wrâld. Sy runt tegearre mei har man ek noch in hotel en konferinsje-oard.
Nataliia Kotsabyn © Omrop Fryslân
"Ik kin maklik nei it bûtenlân gean mei myn húshâlding. Mar dan litte je alles efter. En ik fiel my ek ferplichte om minsken te helpen. Ik kin dat dwaan." Yn har hotel fangt sy lângenoaten op en ek yn de omjouwing bringt sy minsken ûnder.
Sy seit: "Foar my binne it gjin flechtlingen, mar lângenoaten. By ús yn 'e bergen is it noch feilich foar salang't it duorret. Dus helpe wy sa goed as wy kinne."
Nataliia is bliid mei alle medyske helpmiddels dy't út Nederlân meinaam binne. "Yn Oekraïne kinne wy hast neat mear krije. En it is sa nedich, foaral foar de fersoarging fan alle ferwûnen."
Itensguod wurdt útpakt © Omrop Fryslân
Sy helpt ek by it trochstjoeren fan medyske helpmiddels fierder it lân yn, wêr't it mar nedich is. "Wy krije oeral bestellingen wei. En dêr besykje wy sa goed as mooglik oan te foldwaan."
Sels reizget sy ek geregeld de grins oer nei Roemenië om bestellingen te pleatsen en guod mei te nimmen werom nei hûs.

Alles giet stikken yn Marioepol

Op it stasjon, yn ôfwachting fan de trein nei Boekarest, stiet in groep flechtlingen fan Marioepol, de havenstêd yn it easten fan Oekraïne dêr't no al in pear wiken hurd fochten wurdt en hast alles yn pún leit. Hûnderttûzenen ynwenners besykje dêr fuort te kommen mei gefaar foar eigen libben.
Twa fan harren, in mem en in soan dy't Ingelsk prate, fertelle dat sy seis dagen ûnderweis west hawwe om yn Roemenië te kommen. "Alles giet stikken dêr en it is der libbensgefaarlik. De reis wie dreech en wy binne bang. Mar wy binne no hjir gelokkich." Ut Boekarest wei wolle sy fierder reizgje. Mar sy witte noch net wêrhinne.

Mar ien winsk

Sokke ferhalen binne oeral op te tekenjen. Mar der is grut ferskil tusken de flechtlingen. De measten hawwe neat mear, útsein it lytse bytsje bagaazje dat sy by har hawwe en somtiden in bytsje jild. "Mar der komme somtiden ek guon de grins oer mei in dikke auto en in tas fol jild", fertelt Iuga. "Ien frou hie mear as in miljoen dollar by har. Net te leauwen."
Eltsenien út Oekraine freget him ôf hoe't it fierder gean sil yn harren lân. En sy hawwe allegearre mar ien winsk: dat it gau frede wurdt. Want dan wolle sy werom.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.