Grouster ûndernimmer sammelet guod yn foar Oekraïne

Undernimmer Marwin Coehoorn fan Grou hat in aksje opset foar Oekraïne. Yn gearwurking mei âld-militêren, freonen en kunde sammelet er al dagen guod yn foar de slachtoffers fan de oarloch.
Flechtlingen sykje klean út © Foto Marwin Coehoorn
De ôfrûne dagen wie er sels yn Roemenië, yn Sighetu Marmatiei, oan de grins mei Oekraïne, mei in bus fol klean, iten, sliepsekken en medisinen.
Coehoorn en syn maten sjogge dêr dat de Roemenen de Oekraïners spontaan opfange en iten en ûnderdak jouwe. De baas fan it kafee dêr't se ieten, siedt al in wike lang iten foar de flechtlingen. Foar him is troch it selskip út Nederlân jild ynsammele foar 700 mielen. "Dêr wie de kafeebaas tige wiis mei", seit Coehoorn.
De flechtlingen komme net allegear tagelyk. Soms binne it der in soad en soms in hantsjefol. It ferskaat is ek grut. Rike minsken mei grutte auto's wurde ôfwiksele mei minsken dy't dagen rûn ha. Ferskate minsken litte de auto ûnderweis stean omdat de benzine op is.

Reade Krús

De earste tiid waard alle help troch de doarpelingen ferdield. No is it Reade Krús der ek by mei tinten en minsken. En dêrtroch rint de ferdieling fan it guod dat yn Sighetu oankomt better. In part fan it guod giet de grins oer nei Oekraïne foar de minsken dêr. Lokale sjauffeurs soargje foar it ferfier. Neffens Coehoorn hawwe de minsken yn Oekraïne foaral ferlet fan ferbân, medisinen en skerffesten.
Flechtlingen by de Roemeenske grins © Marwin Coehoorn
Neffens Coehoorn is foar Roemenië keazen omdat hy hearde dat dêr oan de grins yn Poalen al in hiel soad help is. "Wy hearden dat guod soms yn de rein stiet te ferkommen. Dat wolle we net."
Bylden fan Marwin Coehoorn by de Roemeensk-Oekraynske grins:
Mei syn maten fielt Coehoorn him bot belutsen by it konflikt en it drama. "Wy ha as militêren yn Bosnië sitten en sjoen wat oarloch docht. Dit giet my bot oan it hert."
De kommende tiid wolle de helpferlieners noch mear guod nei Oekraïne en Roemenië bringe.
Marwin Coehoorn