Lêste kontrakten foar nij Cambuurstadion tekene: "Op naar gouden toekomst"
De kontrakten foar de bou fan it nije Cambuurstadion binne tekene. Op in fergunningsproseduere nei liket neat de komst fan it nije stadion mear yn de wei te stean.
Boubedriuw Van Wijnen, de gemeente Ljouwert, ROC Friese Poort en SC Cambuur tekenen de lêste kontrakten tiisdeitemiddei op it plak dêr't it nije stadion yn Ljouwert komme moat.
"Dit is wederom goed nieuws en een belangrijke volgende stap in het proces", seit algemien direkteur Ard de Graaf fan Cambuur. "We zijn aan het aftellen en kunnen niet wachten om straks samen met ROC Friese Poort het nieuwe Cambuurstadion te betrekken. Op naar een gouden toekomst!" It opliedingssintrum sil yn it nije stadion 7.500 kante meter hiere foar in skoalgebou.
De finansiering foar it stadion is noch net hielendal rûn en der rint ek noch in fergunningsproseduere. Gemeente Ljouwert hat der lykwols fertrouwen yn dat dat net foar fertraging soargje sil. "De omgevingsvergunning moet nog worden verleend, maar we hebben hem wel helemaal binnen", seit wethâlder Hein de Haan fan Ljouwert. "Hij is compleet en helemaal getoetst en alles voldoet."
De gemeente kin no alle grûn oerdrage oan de bouwers. Yn septimber 2023 moat it nije stadion klear wêze.
Ferslachjouwer Hayo Bootsma wie by de ûndertekening fan de kontrakten