Ole Tobiasen teloarsteld: "We hadden moeten winnen"

It is Hearrenfean wer net slagge om te winnen. Yn Waalwijk waard it 0-0 tsjin RKC en dat is in teloarstellende einútslach foar trainer Ole Tobiasen.
Neffens Tobiasen krige syn ploech sneon in soad iepen kânsen. sc Hearrenfean skeat santjin kear op goal wêrfan fjouwer 100% kânsen. Der siet mear yn, seit Tobiasen: "We hadden moeten winnen. We speelden te gehaast uit, vooral in de tweede helft."
Ferline wike koe Ole Tobiasen noch genietsje fan in punt.
Spiler Joost van Aken is bliid dat er wer yn de basis stie yn de wedstriid tsjin RKC Waalwijk. Hy waard lange tiid pleage troch blessuereleed. Syn lêste wedstriid wie ferline jier july en yn septimber is er operearre. Syn heit en mem sieten by de wedstriid tsjin RKC op de tribune en dat die de spiler wol wat.
Dat er no werom is, fielt as in ferromming foar Van Aken. Mar ek as in revâns. Fanwege syn blessueres, faak oan itselde lichemsdiel, krige Van Aken te hearren dat der twivels wiene oft proffuotbal der foar him noch wol yn siet.
Hokker lichemsdiel oft dat is, wol er net sizze. Dêr kin de tsjinstanner fuotbaltechnysk mooglik syn foardiel mei dwaan. Hy is bliid dat er no wer sjen litte kin wat er kin en fielt him wer 100% fit.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.