Fries yn Lviv rekke troch flechtlingen: "Mem en bern mei it fertriet yn ‘e eagen"

Willem Nammensma sjocht Lviv yn in fêsting feroarjen. Mar it slimste dat binne de flechtlingen. "Minsken mei it fertriet yn 'e eagen. Sy hawwe suver in holle útstrieling. Dat is hiel konfrontearjend, benammen by bern."
Willem Nammensma yn Oekraïne © Eigen foto
Nammensma wurket foar in lânboubedriuw en wennet dêrom yn Lviv, yn Oekraïne. Dy stêd is him oan it tarieden op de oarloch, sjocht hy. By de checkpoints steane hieltyd mear swierbewapene militêren. "It wurdt no echt as in fêsting ynrjochte, mei fjochtgroppen. It jout in hiel frjemd gefoel fan feiligens."

Memmen mei bern

It hertferskuorrendste byld is lykwols it byld fan de flechtlingestream dy't no echt op gong komt yn Lviv. "Dat falt echt op. Yn de auto sjogge je it wol. It binne faak memmen mei bern, sûnder heit der by. Sy binne ek net wend om sa'n reis te meitsjen. Sy hawwe miskien in pear tassen fol guod yn de auto, net wittende wêr't sy hinne geane."
Je sjogge echt in eangst en panyk yn de eagen fan de minsken.
Willem Nammensma oer de flechtlingen by Lviv
Dat makket in soad yndruk: "Je sjogge echt in eangst en panyk yn de eagen fan de minsken." Yn en om Lviv wurde ek flechtlingen opfongen, mar in soad minsken reizgje ek troch nei Poalen.
© Willem Nammensma
© Willem Nammensma
© Willem Nammensma
Nammensma: "Sy hawwe ek kunde yn Poalen en kieze derfoar om it lân hielendal te ferlitten. Dat sil miskien ek mei it trauma te krijen hawwe dat de minsken oprinne. Sy wolle it lân efter har litte om in feilich gefoel te krijen."
Willem Nammensma út Lviv yn Oekraïne wei
De famylje fan Willem Nammensma yn Seisbierrum hat drok dwaande west mei it sammeljen fan helpguod, dat mei frachtweinen nei Oekraïne riden is. Mem Karin Nammensma hat yn Seisbierrum dagen yn 't spier west.
Frachtweinen út Seisbierrum binne yn Lviv oankaam © Willem Nammensma
De earste seis frachtweinen mei humanitêr transport binne oankaam op it bedriuw, fertelt Willem Nammensma. "Sa'n 40 kilometer by Lviv wei. In tal frachtweinen hawwe wy ek wer trochstjoerd, op fersyk fan de sjauffeurs en it transportbedriuw."

Helptrucks yn sintrum Kiev: "Unfoarstelber"

Twa frachtweinen binne streekrjocht nei Kiev riden en lade út yn it sintrum. "Dat is hast ûnfoarstelber", seit Nammensma. "De sjauffeur hat my foto's stjoerd dat sy yn Kiev oan it útladen binne. Der binne ek in pear nei Bila Tserkva, in stêd besuden Kiev dy't bombardearre is troch de Russen. En der is noch in truck nei in stêd dêr't in dei as trije lyn it fleanfjild bombardearre is."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.