Wer in tsjingoal út in hoekskop foar Cambuur: "Dit moat derút"

"Cambuur hat fertsjinne ferlern", dat seit trainer Henk de Jong nei ôfrin fan de wedstriid tsjin FC Twente fan snein (1-0 ferlies). De Jong fynt lykwols dat de tsjingoal foar te kommen wie.
"Op it momint dat we it goed foar elkoar hienen, krije we de goal tsjin. Dat is spitich", seit De Jong. Cambuur krige al faker tsjindoelpunten út hoekskoppen. "Wy hawwe it der faak oer en wy dogge der ek wat mei. Dit moat derút."

'Mac-Intosch wie net goed'

De Jong wol lykwols net te negatyf dwaan. "Salang't wy in protte goals meitsje en punten pakke, dan weaget it tsjin elkoar op."
De Cambuurtrainer helle ferdigener Calvin Mac-Intosch nei de kant. Hy hie al in giele kaart en spile ek net goed. "Ik bin hiel tefreden oer de jonges, allinnich is it somtiden net goed. Dan moatte je se wikselje en dat fine se ek net slim.

It shirt fan Pröpper

De Jong krige nei ôfrin it shirt fan doelpuntemakker Robin Pröpper. "Ik kin al jierren goed mei him. Hy wit dat it net goed giet mei myn soan Ruben." De soan fan De Jong hat noch altyd bot lêst fan de neisleep fan in coronabesmetting.
Takom wike spilet Cambuur tsjin Ajax. De Jong: "Fuotbal is fuotbal. We meitsje der in moaie wedstriid fan."

Marco Tol: "Twente was de bovenliggende partij"

Nei ôfrin fan de wedstriid moast Cambuurferdigener Marco Tol konkludearje dat Cambuur fertsjinne ferlern hie. "Ik denk dat er niet meer dan een gelijkspel in had gezeten. Twente was de bovenliggende partij."
Tol tinkt dat hy by de tsjingoal miskien wol mear dwaan kind hie: "Zodra die bal komt, ga je voor het kopduel, maar als ik bijvoorbeeld bij Pröpper blijf, kan ik hem misschien nog tegenhouden."

Stevens falt út

Doelman Sonny Stevens moast blessearre nei de kant. Hy spile in goede partij, dus dat wie in flinke ôffaller foar Cambuur. "Sonny heeft in 2022 al drie of vier keer in het team van de week gestaan. Hij is een uitstekende keeper", seit Tol oer syn ploechgenoat.
Pieter Bos kaam foar Stevens yn it fjild. Dat wie hiel tafallich: "Trije jier lyn makke ik hjir myn debút yn it betelle fuotbal. No meitsje ik hjir myn earedivyzjedebút."
"It is dreech om kâld yn te fallen", seit Bos. "Ik ha de hiele wike siik thús sitten, juster foar it earst wer traind. Ik ha wolris fitter west."
Bos en Stevens binne fansels konkurrinten, mar Bos winsket him it bêste. "Ik hoopje dat it tafalt."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.