Unmachtich Cambuur ferliest fan FC Twente: 1-0
SC Cambuur is der snein net yn slagge om punten te pakken tsjin FC Twente. Yn Enschede waard it 1-0. Cambuur krige hast gjin kânsen.
By Cambuur wienen Doke Schmidt en Mees Hoedemakers der net by. Foar harren spilen Jasper ter Heide en Mitchel Paulissen. Ek David Sambissa hie in basisplak. Patrick Joosten siet dêrom op de bank.
Opstelling SC Cambuur: Stevens; Ter Heide, Mac-Intosch, Schouten, Bangura; Jacobs, Paulissen, Maulun; Sambissa, Boere en Kallon.
FC Twente wie de bettere ploech yn de iepeningsfaze. Michel Vlap en Julio Pleguezuelo krigen de bal lykwols net yn de goal.
Oanfallend ûnmachtich
Cambuur brocht oanfallend net folle, wylst Twente hieltyd gefaarliker waard. Benammen de Fries yn tsjinst fan Twente, Vlap, krige in pear goede mooglikheden. Mei troch goed keeperswurk fan Sonny Stevens bleaun it by 0-0.
Cambuur kaam nei it skoft better út de klaaikeamers. Dochs wie it Twente dat as earste skoarde. In ôffallende bal nei in hoekskop kaam by Robin Pröpper. De ferdigener fan Twente twivele net en skeat hurd raak: 1-0.
Strafskop
Twente krige yn de 77ste minút dé kâns om út te rinnen. Mitchel Paulissen hie in oertrêding makke yn it strafskopgebiet en skiedsrjochter Sander van der Eijk lei de bal op de stip. Ricky van Wolfswinkel skeat de bal lykwols op de peal.
It slagge Cambuur net mear om noch lyk te meitsjen. De Ljouwerters steane foarearst noch wol achtste yn de earedivyzje.