Henk de Jong nei winst op Fortuna: "Dit wie in avondje Cambuur"
Sportklup Cambuur wie sneontejûn yn eigen hûs mei 2-1 te sterk foar Fortuna Sittard. Yn in duel dêr't in hiel soad oan 'e hân wie hiene de Ljouwerters úteinlik genôch oan twa doelpunten fan oanfaller Tom Boere.
Foar haadtrainer Henk de Jong wie it it earste duel as einferantwurdlike, sûnt der in kyste yn syn holle ûntdutsen waard. "Dit wie in avondje Cambuur. Dit is wa't we binne. Net altyd even goed, mar wol mei it fermogen werom te kommen yn it duel. En in bytsje gelok, dat moat je ek ha."
De Jong woe net te lang stilstean by de 0-2 fan Fortuna, dy't ôfkard waard op advys fan 'e VAR. "Dêr ha we miskien mazzel mei, mar klear. It soarge der wol foar dat it publyk yn it duel kaam, en dat fernimme de jonges op it fjild ek. Wy binne Cambuur, en we wolle dat de minsken it aardich fine om hjir te kommen. We besykje der altyd wat fan te meitsjen."
Feilich mei 33 punten
De Jong is tige wiis mei de posysje op de ranglist fan Cambuur. "It is no febrewaris, en we ha 33 punten. Dêrmei bliuwe we der wol yn. En as we deryn bliuwe, binne we eins wer kampioen ha ik tsjin de jonges sein. Dus dat ha we knap dien."
Neffens spits Tom Boere hie Cambuur it lestich mei it systeem fan Fortuna. "Zij spelen heel verdedigend, waardoor de ruimtes heel klein waren. Dan kom je 1-0 achter, en we dachten dat we 2-0 achter kwamen. Die werd afgekeurd, en toen merkte je dat er een bepaalde energie loskwam bij de supporters. Kort daarna maakten we de 1-1 en daarna kwamen we beter in de wedstrijd."
Boere, dy't spile foar de blesseare Uldrikis, wie hiel wichtich mei syn lykmakker: "Ik heb het er vaak over met onze buitenspelers, hoe ik de bal wil hebben. Dan komt de voorzet van Patje (Patrick Joosten) en zit de bal er lekker in."
'Eerste helft niet best'
Ferdigener Calvin Mac-Intosch seach dat Cambuur it yn it begjin fan it duel lestich hie mei de gasten út Sittard. "Dit was een avondje. Alles zat in deze wedstrijd. Gelukkig valt het onze kant op. De eerste helft was van onze kant niet best, maar in de tweede helft waren we de veel betere ploeg."
Yn de lêste minút krige Fortuna noch in tige grutte kâns op de lykmakker. Paul Gladon wipte de bal oer Stevens, mar krekt foar de line helle Doke Schmidt de bal op spektakulêre wize fuort. "Dat was fantastisch, daardoor hebben we de wedstrijd gewonnen. Doke is sowieso een fantastisch karakter, gaat altijd honderd procent, dus dat hij dit doet is ook weer niet zo gek."
Mac-Intosch tekene earder dizze wike in nij kontrakt by de Ljouwerters. "Dat was geen moeilijke beslissing. Ik heb het hier heel erg naar mijn zin, en er spreekt ook waardering uit naar mij vanuit de club. Dus ik heb er niet lang over na hoeven denken."