Henk de Jong wer oan it roer: "Hearlik om der wer te wêzen"
Trije moannen nei't by Cambuurtrainer Henk de Jong in kyste yn 'e holle ûntdutsen waard, stiet er wer foar de groep. Hy hat it mist.
De Jong die in stapke werom nei't er it minne nijs krige. De lêste tiid wie er wer by de wedstriden en siet er sels op 'e bank, njonken Pascal Bosschaart. Dy funksjonearre tydlik as haadtrainer.
No is De Jong echt werom en stiet er ek de parse te wurd. "Hearlik", seit er. "Ik moat myn stêf en de seleksje betankje foar it wurk dat se dien ha. In grut komplimint."
Hy docht noch net sa folle as earst. "Troch de wike doch ik noch wolris wat minder, mar ik sjoch it as wer in stapke derby. It is sa noflik om wer te wurkjen mei de stêf, de jonges en mei jim. En sneon sit it stadion wer fol. Hearlik."
Dat is wat by ús klupke heart.
Yn de lêste wiken binne de resultaten fan Cambuur net al te goed: de Ljouwerters ha yn 2022 noch gjin wedstriid wûn. "Mar dat leit him net oan de jonges", seit De Jong. "Cambuur sil alle jierren sa'n perioade ha. Dat is wat by ús klupke heart. Wy binne in normale, lytse klup dy't net in seizoen allinnich winne sil."
Cambuur sil neffens De Jong altyd sokke perioaden ha. "Perioaden dat it hiel goed giet en dan wer wat minder. En as elkenien syn ferstân der wat by hâldt, dan pakke wy wol wer wat punten."
Gjin 'leuk jûntsje fuotbaljen sjen'
Dit wykein komt Fortuna Sittard op besite yn Ljouwert. "Dat wurdt in drege wedstriid", ferwachtet De Jong. "Sy ha nije spilers helle en spylje echt foar in resultaat. Se komme hjir net om in moaie wedstriid te spyljen. Dus tink net dat we in 'leuk jûntsje fuotbaljen sjen' yn 'e mjitte geane."
Cambuur moat dan benammen it geduld bewarje. "De restferdigening moat op oarder wêze. En it hoecht net yn in kertier klear te wêzen. We ha 95 minuten om de wedstriid te winnen."
Wizigingen yn de basis?
De Jong woe in dei foar de wedstriid noch gjin opstelling bekend meitsje. Nettsjinsteande ferskate wikselingen yn de ôfrûne wedstriden liket it it achteryn dúdlik te wêzen: Mac-Intosch en Schouten sille, lykas Bangura en Schmidt, yn de basis stean.
Dochs hintet Henk de Jong op ien of mear wizigings, mar dêr wol er neat oer sizze. "Oft ik wat feroarje sil? Dat kin. Mar dat sille jimme sjen. We kinne wat dinkjes feroarje."
Foardiel is dat it stadion wer fol sitte sil. "Wy binne in echte 'tolfde-man-klup'. De minsken stypje ús en dat hawwe wy ek nedich. Ik haw der nocht oan. Machtich moai."
De wedstriid tusken SC Cambuur en Fortuna Sittard begjint sneontejûn om 21.00 oere. Sportferslachjouwer Geert van Tuinen fersoarget it kommentaar fan it duel, dat live te folgjen is yn in ekstra radioprogramma op Omrop Fryslân.