Ferswakke sc Hearrenfean ek ûnderút yn Sittard

In troch blessueres en sykte pleage sc Hearrenfean hat sneon mei 2-0 ferlern fan Fortuna Sittard. De Friezen misten fiif spilers en dat wie op it fjild dúdlik te sjen. It is it fjirde earedivyzjeferlies fan Hearrenfean op rige.
© Orange Pictures
By Hearrenfean wienen Sven van Beek, Nick Bakker, Syb van Ottele, Tibor Halilovic en Sydney van Hooijdonk der allegear net by. Nijkommer Amin Sarr siet wol by de seleksje, mar begûn op de bank. Thom Haye, dy't dizze wike oerkaam fan NAC Breda stie fuort yn de basis.
Opstelling sc Hearrenfean: Mous; Van Ewijk, Dresevic, Woudenberg, Kaib; Madsen, Haye, Al Hajj; Musaba, De Jong en Stevanovic.
It earste driigjende momint kaam fan Filip Stevanovic. It skot fan de Servyske oanfaller fan Hearrenfean waard lykwols kreake troch Fortuna-ferdigener Mickaël Tirpan. In minút letter krige de thúsploech ek de earste kâns, mar Zian Flemming kopte de bal rjocht yn de hannen fan keeper Xavier Mous.

Tirpan mist foar iepen doel

Dat Fortuna yn de tsiende minút net op foarsprong kaam, kinne je gerêst in wûnder neame. Tirpan krige in foarset fan de linkerkant der foar iepen doel net yn.
De folgjende grutte kâns wie wer foar Hearrenfean: in bikkelhurd skot fan Haye einige tsjin de peal. Yn de rebound krige Anthony Musaba de bal ek net yn it doel.
Thom Haye wie tichteby 0-1 © Orange Pictures
Nei in kertier naam Fortuna de lieding. In foarset fan Tirpan kaam by Mats Seuntjens, dy't de bal weromlei op Flemming. Foar Flemming wie it doe net mear dreech om te skoaren: 1-0.
Hearrenfean hie efkes tiid nedich om fan dy tik te bekommen, mar nei in lytse 40 minuten kamen der dochs wer wat kânsen. Earst hold Fortuna-goalie Yanick van Osch Milan van Ewijk fan skoaren en dêrnei skeat Musaba de bal rjocht tsjin de keeper oan.
Musaba krige de bal wer net yn it doel © Orange Pictures
Nei it skoft barde der lange tiid neat. Nei 67 minuten waard Fortuna wer ris gefaarlik. It skot fan Ben Rienstra fleach lykwols oer it doel fan Van Osch.

Debút Sarr en Van 't Loo

Mei nije krêften Amin Sarr, Djenahro Nunumete en Trustin van 't Loo besocht Hearrenfean om werom te kommen yn de wedstriid. Sarr en Van 't Loo makken harren debút by Hearrenfean.
In hiel fleurich debút waard it lykwols net, want Flemming makke nei in hoekskop syn twadde fan de jûn. Nunumete koe de ynset op de doelline net mear keare: 2-0.
De spilers fan Fortuna binne bliid mei de 2-0 © Orange Pictures
Hearrenfean besocht fan alles om dochs noch wat te forsearjen, mar de skeinde Friezen wienen ûnmachtich. Sarr teste Van Osch noch wol mei in hurd skot, mar de bal gie der net yn.
Fortuna bleaun sa frije ienfâldich oerein. Einstân: 2-0. It is it fjirde earedivyzjeferlies foar Hearrenfean op rige, yn dy wedstriden makke Hearrenfean ek gjin doelpunten. De ploech stiet noch tsiende mei 25 punten, mar dat soe dit wykein noch feroarje kinne.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.