sc Hearrenfean akkoart mei Sarr en Haye; Nygren en Kongolo nei de útgong

sc Hearrenfean en Malmö FF hawwe in akkoart berikt oer de transfer fan Amin Sarr. De Fryske fuotbalklup betellet goed twa miljoen euro foar de 20-jierrige oanfaller.
Amin Sarr © ANP
Sarr jildt yn Sweden as ien fan de grutste talinten. As Sarr troch de medyske keuring komt, kin er in kontrakt foar meardere jierren tekenje. Ek de komst fan Thom Haye fan NAC Breda is sa goed as wis. Foar de middenfjilder wurdt nei alle gedachten sa'n 600.000 euro betelle.

Nygren nei Denemarken

Benjamin Nygren giet fuortendaliks nei it Deenske FC Nordsjaelland. Dat hat Hearrenfean yntusken befêstige op de klupkanalen. De 20-jierrige oanfaller kaam yn 2020 op hierbasis fan KRC Genk oer nei sc Hearrenfean.
It wie de bedoeling dat de Sweedsk jeugdynternasjonal oant de simmer fan 2022 by Hearrenfean spylje soe. Mei de oername fan Nordsjælland komt der lykwols in ein oan de hierperioade.
Benjamin Nygren © Orange Pictures
Nygren spile yn totaal 51 wedstriden yn it pompeblêdeshirt. Dêryn skoarde er sân kear en joech er seis kear in assist.
"Benjamin had bij ons steeds minder zicht op speeltijd en krijgt nu de kans om zich te bewijzen in Denemarken. We wensen hem dan ook heel veel succes met het verdere vervolg van zijn voetbalcarrière", seit technysk manager Ferry de Haan oer de transfer.

Noch jild foar Kongolo

Middenfjilder Rodney Kongolo makket ek in oerstap. Hy giet nei de Italiaanske Serie B ta. De 24-jierrige middenfjilder giet nei Cosenza. Kongolo wie oan it ein fan dit seizoen transferfrij, mar Hearrenfean ûntfangt no noch in lytse fergoeding foar him.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.