CDA Fryslân: Vaandeldrager fan Rembrandt moat nei Fryslân ta

It skilderij De Vaandeldrager fan Rembrandt moat in plakje krije yn it Fries Museum. Dat seit de Steatefraksje fan it CDA. It wurk fan Rembrandt is koartlyn troch it Ryk oankocht.
Rembrandt van Rijn, ‘De vaandeldrager’ (1636). Kolleksje Rothschild © Rijksmuseum
"Het is heel bijzonder dat er weer een Rembrandt in het bezit van de Nederlandse Staat komt. De Vaandeldrager zou op een tour door Nederland moeten, want iedereen moet het kunnen zien. Immers, kunst moet worden aanschouwd, het moet worden bewonderd", seit Steatelid Wieke Wiersma.
Fryslân soe in goede kar wêze foar in permanint plak foar in skilderij fan Rembrandt, fynt de fraksje: Saskia van Uylenburgh, de leafde en ynspiraasje fan Rembrandt, is 300 meter fan it Fries Museum ôf berne.
Yn 2018 en 2019 hold it museum al in tentoanstelling mei de namme Saskia en Rembrandt, liefde in de Gouden Eeuw. De Fryske Steatefraksje fan it CDA pleitet dêrom foar in lobby om it skilderij nei it Fries Museum te heljen.

Earste Keamer

Earder pleite ek de PvdA yn de Earste Keamer foar it tentoanstellen fan it wurk fan Rembrandt yn it Fries Museum. "In het jaar dat hij De Vaandeldrager schilderde, ontmoette hij Saskia van Uylenburgh. Zij komt uit Leeuwarden, dat wilde Ferd Crone niet onvermeld laten", fertelde Earste Keamerlid Mary Fiers fan de partij. Crone is Earste Keamerlid foar de PvdA en wie earder boargemaster fan Ljouwert.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.