Dochs rap ynternet yn lytse doarpen troch nij glêsfezelnetwurk

In grut tal lytsere doarpen kriget dochs noch rap ynternet. Glêskabelbedriuw Glaspoort sil dat realisearje. Te begjinnen yn Balk en dêrnei yn de gemeenten Ljouwert en Waadhoeke.
Lytse doarpen yn Fryslân dy't no noch ynternet krije troch in coax-kabel kinne ynkoarten dochs oer op rap ynternet troch glêstriedkabel. It nije glêskabelbedriuw Glaspoort ynvestearret de kommende jierren yn hiel Nederlân hast 5 miljard yn it útrôljen fan in gleskabelnetwurk yn saneamde 'grize gebieten'.
Glaspoort is in gearwurking tusken KPN en APG, pensjoenbehearder fan ABP. Yn Fryslân set it bedriuw ein dizze moanne útein yn Balk. De bewenners kinne dêr tongersdei in skriuwen oer yn de brievebus ferwachtsje. Doel is neffens Glaspoort dat gemeenten lykas Ljouwert en Waadhoeke dêrnei al gau folgje.

Blydskip yn grize gebieten

Yn de doarpen yn dizze 'grize gebieten' binne se bliid dat der no dochs ien fûn is dy't it oanlizze wol. In oare kabelaar, Kabelnoord fan Dokkum, hie konkrete plannen. Dy waarden dizze simmer skrast nei't út in ûndersyk bliken dien hie dat it ferlet te min is.
Dat kloppet, seit foarsitter Henk Korthof fan doarpsbelang Boksum: "De kanttekening is alleen wel dat je daar maar kon kiezen uit een paar aanbieders. Dat zijn er nu meer en dat maakt het aanbod een stuk aantrekkelijker. Ik denk dan ook dat er nu meer mensen dit wel gaan overwegen. Ook omdat veel zenders in hoge resolutie uitzenden en dat kost veel data."
De teloarstelling dy't ûnder oare Korthof doe hie, is no omdraaid nei optimisme. "Ik ben echt blij dat ze het aandurven en wij straks geen zogenaamd grijs gebied meer zijn."
© ANP
Dêr't oare kabelbedriuwen earst dúdlik hawwe wolle op hoefolle oanslutingen oft sy rekkenje kinne, hannelet Glaspoort oars. Sy lizze earst oan en gean der dêrnei fanút dat de klanten fansels komme.
It nije netwurkbedriuw hantearret dêrby in 'iepen-netwurkstrategy', seit de CEO fan it bedriuw Jan Willem Scheerder: "De kabel staat open voor verschillende aanbieders. Er is dus ruimte voor concurrentie. Op dit moment hebben wij al zestien partijen, denk aan de KPN's van deze wereld, die op ons netwerk actief willen zijn."

Hûnderttûzen yn Fryslân

Yn de kommende jierren wol Glaspoort mear as 700.000 nije oanslutingen realisearje. Scheerder: "We beginnen in Fryslân. Ons doel is om hier de komende 5 jaar 100.000 nieuwe aansluitingen te realiseren. In de dorpen, maar ook op bedrijventerreinen."
Yn Fryslân soe it dêrby yn alle gefallen gean om de doarpen Alde Leije, Baard, Bears, Britsum, Easterlittens, Feinsum, Grou, Hijum, Hilaard, Húns, Idaard, Jelsum, Jirnsum, Jorwert, Koarnjum, Lekkum, Mantgum, Reduzum, Stiens, Wergea, Warten, Weidum, Wytgaard en Wurdum.
Dêrnjonken sil Glaspoort njonken Balk ek in earder projekt fan KPN op De Lemmer yn behear krije.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.