Monumintale gebouwen dreech te isolearjen: euro's fleane it rút út
In enerzjyrekken fan 600 euro is gjin útsûndering by eigeners fan monumintale pannen. Troch de hege gasprizen rinne de rekkens rap op. Guon eigeners wolle isolearje, mar rinne tsjin beheinings oan.
De regels foar it opknappen fan monumintale gebouwen binne strang. Der mei net samar wat ferboud wurde. Dochs is der in soad mooglik, seit Harm Haitsma. Hy is konsulint by stichting Steunpunt Monumentenzorg Fryslân.
By it stipepunt stiet de telefoan de lêste tiid net stil, seit Haitsma: "Sûnt de diskusje oer de gasprizen kinne wy fernimme dat in soad eigeners advys hawwe wolle oer wat der allegearre mooglik is. En dat is bêst in soad."
'Inkeld glês'
It byld dat de rekkens omheech fleane, kin Haitsma befêstigje: "It past ek by dat soarte fan gebouwen. Dy hawwe naden en kieren. Ruten binne faak inkeld glês." Foar alles is lykwols in oplossing: "It is maatwurk by dit soarte fan gebouwen. En ja, dat hat as neidiel dat it net om 'e nocht is."
Lykas by de âlde bakkersfakskoalle yn Ljouwert. Dêr wennet Ada Roelants mei har man. Doe't se de âlde skoalle kochten, wie it net isolearre. "We kregen van de gemeente voorwaarden opgelegd. Er kwam alleen een woonbestemming op als we de buitenkant en dan met name de oude ramen zo zouden laten. Dat is gelukt."
Mei help fan Haitsma fûnen se in oplossing yn fakuümglês. Dat isolearret like goed, sa net better as oare moderne ruten.
Ek gebouwen mei in inkeldstiensmuorre kinne goed isolearre wurde. Haitsma: "Wat der no dien wurdt, is dêr in foarsetmuorre pleatse mei isolaasje. Dat kin maklik en dat mei faak ek. Dat kin ek jilde foar in flier. In soad minsken binne ûnbekend mei de mooglikheden. Mar se binne der echt en dan kinst in soad besparje."
Foar Roelants is de gasrekken no in stik leger: "We zaten op een bedrag van een 450 euro, nu nog maar 280. Dan zie je wat je ook in dit soort panden kunt besparen."