Coaches fan GGZ Friesland helpe mei sûne wize fan libjen: "De winst is enorm"
Minsken mei in slimme psychiatryske sykte libje sa'n 20 oant 30 jier koarter. Binnen GGZ Friesland helpe coaches kliïnten om sûner te libjen. "Zo beteugelen we medische overconsumptie."
It begûn mei in pilot ein 2019, want der kaam hieltyd mear fraach nei hoe't je libbensstyl ynsette kinne by it better wurden fan kliïnten. Der binne yntusken fiif libbensstylcoaches dy't pasjinten yndividueel begeliede kinne, mar ek de GGZ-wurknimmers stypje.
Ien stap is al winst
Martijn van Wallinga is sa'n libbensstylcoach. De baan is him op it liif skreaun, want hy fynt neat moaier as pasjinten yn beweging krije. Elk lyts stapke is in stapke foarút. As ien al twa jier net mear út hûs komt, is letterlik ien stap bûten de doar al in enoarme winst.
Sandra is drok oan it trainen mei coach Martijn. Se wol sels graach mear bewege, want somtiden komt se letterlik net fan bêd ôf.
Gefoelens nei bûten
Se praat in soad by de GGZ, mar fysyk wat dwaan past ek by har. It helpt har om gefoelens dy't binnenyn sitte nei bûten te krijen. Aaklike gefoelens.
Boppedat nimt se no ek wer in moarnsbrochje. Earder sloech se dat oer en begûn se nachts fral te snobjen. Har enerzjynivo is omheech gien en se fielt har stikken better. "Allemaal dankzij Martijn", seit se, beskieden oer har eigen ynset.
Fisieuze sirkel
Psychiater Paul Seerden fertelt dat minsken mei EPA (Ernstig Psychiatrische Aandoening) yn trochsneed 20 oant 30 jier koarter libje. Dat sit foar in part yn de genetyske oanlis. De medisinen dy't se slikke moatte soargje foar gewichtstaname.
Faak ha se in minder goede lichaamlike kondysje, bewege se minder en dêrtroch ha se op de langere termyn mear kâns op diabetes, hert- en harsenynfarkten, golestorolproblemen en flink oergewicht. Se sille net gau nei de sportskoalle of in feriening stappe om't se in leech selsbyld ha.
Hoe vroeger we beginnen, hoe groter de winst.
Boppedat is der ek net altyd genôch jild om sûn ("daarmee bedoel ik biologisch") iten te keapjen en sa bedarje se yn in fisieuze sirkel, seit Seerden. Wat earder je begjinne mei 'leefstijlinterventie' wat grutter de winst.
Medisinen en middelen
Mei opnamen moat faak fluch resultaat komme en der wurde medisinen foarskreaun dy't gefoelens dôvje, mar dat binne faak ek medisinen dy't foar in gewichtstaname soargje, wit Seerden.
Neffens him komt dizze wurkwize ek foar in part troch besunigings binnen de geastlike sûnenssoarch, want dêr't earder minsken wol moannen yn in klinyk sieten, is de opnametiid no yn trochsneed 17 dagen.
Gjin foarstanner fan sliepmedikaasje
Ek sjocht Seerden dat te gau sliepmedikaasje foarskreaun wurdt. Hy is dêr gjin foarstanner fan. It kin ferslaavjend wêze en minsken ôfhinklik meitsje. Better is om te sjen nei hoe't je de sliep ferbetterje kinne.
Ek troch letterlik yn beweging te kommen, in goed deiritme te hawwen en gjin middelen te brûken. Ek kola of enerzjydrankjes soargje derfoar dat je net yn je djippe sliepfaze komme en dus net goed útrêste kinne. En dat wurket wer troch op hoe't je je oerdeis fiele.
Slach slaan
Seerden is derfan oertsjûge dat yngripe yn de wize fan libjen de libbensferwachting ferlingje kin fan psychiatryske pasjinten. Minder diabetes of hertpasjinten is ek minder druk op de reguliere soarch. "Zo beteugelen we de medische overconsumptie."
Boppedat komme minsken better yn har fel te sitten en sille se minder weromfal krije, trouwer har medisinen brûken bliuwe en mentaal sterker wurde. It leveret sûnenswinst op en it besparret dêrmei in hiel soad jild. Der kin gjin oandacht genôch foar wêze.
Fûst nei Den Haag
GGZ Nederland soe in sterke fûst nei Den Haag meitsje moatte om dit better op de kaart te setten, sadat der mear jild foar frij makke wurdt. No mear jild útjaan kin op de langere termyn folle mear jild besparje. Previnsje en sûnenswinst, dêr giet it om, fynt de psychiater.
Dy kwalitative ynhelslach moat ek troch bygelyks de húsdokters makke wurde. Dy reitsje ek oerbelêste. Ek ketenpartners as dïetisten en libbenstylcoaches moatte hjir yn mei, ropt Seerden op. Psychiaters moatte ek de hân yn eigen boezem stekke, "want wij schrijven al die medicijnen voor."
Yn it programma Fan binnenút fan moandei 13 septimber mear oer libbensstyl binnen GGZ Friesland. Te sjen om 17.15 oere by Omrop Fryslân telefyzje (en de hiele jûn elk healoere yn de werhelling).