Fan binnenút

Fan binnenút - Wa soarget foar in feilich libben?
Moandeis op telefyzje te sjen om 17.15 oere (werhelling elk heal oere)

Yn de earste searje fan it programma Fan binnenút seach programmamakker Miranda Werkman efter de doarren fan de GGZ. Diskear komt se efter de foardoar mei de meiwurkers fan it Regiecentrum Bescherming en Veiligheid. ‘Fan binnenút, wa soarget foar in feilich libben’ jout in oangripend byld fan it wurk fan Jeugd- en Gezinsbescherming, Jeugdreclassering en Veilig Thuis Friesland.

De searje lit sjen hoe dreech it is om yn te gripen achter de foardoar; de grins tusken privacy en feilichheid. Yn de acht ôfleveringen rint Miranda earst mei by jeugdbeskermers en jeugdreklassearders en de bern dy't ûnder harren tafersjoch stean. Dêrnei sjocht se efter de skermen by Veilig Thuis Friesland. Hoe kinst advys freegje? En hoe kinst in melding dwaan?

Prate oer wat der te sjen wie yn in ôflevering fan 'Fan binnenút', of help nedich?
Sjoch op: jeugdengezinsbeschermingfriesland.nl/veelgestelde-vragen/ of veiligthuisfriesland.nl/veelgestelde-vragen/

Fragen of fermoedens oer bernemishanneling of âlderenmishanneling of húslik geweld? Belje 0800-2000 (fergees) 24/7 of chat mei Veilig Thuis fia veiligthuisfriesland.nl

Podcast 'Fan binnenút, wa soarget foar in feilich libben'
Yn de podcast-ôfleveringen by 'Fan binnenút, wa soarget foar in feilich libben' praat programmamakker Miranda Werkman, lykas yn de tv-searje, mei jeugdbeskermers, gedrachswittenskippers en fertrouwensdokters. It giet oer hoe dreech it is om bern te helpen dy't yn in komplekse skieding sitte. Hoe praatst mei de bern sels oer heftige saken. Wat binne de gefolgen fan bernemishanneling op lange termyn? De saakkundigen fertelle ek hoe'tst as buorman, juf, pake of fuotbaltrainer de bern helpe kinst.

Podcast 'Fan binnenút, ferhalen út de GGZ wei'
Yn de podcast-ôfleveringen by de earste tv-searje fan 'Fan binnenút' praat Miranda Werkman ien op ien mei helpferlieners fan de GGZ. Hoe sjogge sy nei de taname fan it tal meldings oer betize persoanen? Wat is der feroare yn har wurk, de maatskippij en it belied? Wêrom krijt de ien it wol en de oar net? En hoe kwetsber binne se sels?
 

It komt hieltyd faker foar; nijsberjochten dêr't sprutsen wurdt oer 'ferwarde persoanen'. Wylst de GGZ it leaver hat oer 'persoanen mei ûnbegrepen gedrach'. Faak sit der in hiel ferhaal achter, want hoe sit it no echt? Wa binne de minsken dy't yn behanneling sitte by GGZ Friesland en wêrom soe it jo of my net oerkomme kinne?

Yn de rige 'Fan binnenút, ferhalen út de GGZ wei' dogge pasjinten earlik har ferhaal. Oer wat der mis gie, hoe't se holpen binne en hoe yngewikkeld it somtiden wêze kin om wer in plakje yn de maatskippij te finen.

Makkest dy soargen om ien of hast sels help nedich? Nim dan kontakt op mei dyn húsdokter. Sjoch hjir foar mear ynformaasje.

Presintaasje: 
Miranda Werkman
(Advertinsje)