Simmerblog: Simmer yn Froubuorren
Oant moarn
Dit is de ein fan dit simmerblog oer Froubuorren. Tank foar it folgjen.
Moarn binne we yn Nijewier en Wetsens. Oant dan!
Sjoch hjir nei de telefyzje-útstjoering oer Froubuorren
It wie in moaie dei
Mei âld-ynwenners fan Froubuorren en sjongeres Trienke Hoogenberg slute wy dizze moaie dei ôf.
Trienke en Sido
De kleurrike sjongeres Trienke Hoogenberg komt oarspronklik fan Froubuorren, al komt se der no net sa faak mear. Trienke is in dochter fan de pleatslike ferver, Jan 'Histor' Hoogenberg. Se is lanlik net in ûnbekende, omdat se twa kear mei súkses meidien hat oan it lanlike âldereinsjongfestival. Dêrby waard se in kear twadde en in kear tredde.
Yn Froubuorren wie net folle te dwaan doe't ik jong wie, fertelt se. Se diene oan raaptippen en fierpisjen by it spoar. Trienke woe altyd graach sjongeres wurde. Doe't se 12 jier wie, siet se al by de band 'De Trochsetters'. Se spilen op brulloften en partijen.
Under begelieding fan har partner Sido Martens op gitaar bringt Trienke oan 'e ein fan dizze dei in liet. Fansels yn de Biltske taal.
Trienke wit in soad anekdoates te fertellen
Rommert Eenling is efkes werom op de fierljepskâns
In fergetten stikje nostalgy. Dat is de âlde fierljepskâns fan Froubuorren. De bult dêr't it publyk altyd op sit, is der noch. De skâns pykt boppe de reiden út en de pols stiet der noch tsjinoan, mar der wurdt net mear fierljept. De akkommodaasje is ôfkard, want gjin klaaigelegenheid en gjin dûsen. Oait sieten hjir wol 1600 taskôgers, fertelt Rommert Eenling
De pleatslike keatsferiening waard oprochte yn 1958. Earst sprongen se oan de ein it dorp oer de feart. Dy lei der doe noch yn. De oanrin nei de sprong waard dien oer de dyk. Eenling: "Ferkear wie der hast net. As der al in auto oan kaam, dan wie der altyd wol ien dy't dy auto efkes opkearde. Mei in boatsje stutsen de ljeppers nei de sprong de feart wer oer." Letter mei de ruilferkaverling koene de fierljeppers terjochte op wat no de âlde skâns is.
By de âlde fierljepskâns
Tennisje op in himpkwekerij
Multyfunksjoneel sportsintrum De Buurfrou hat in romrofte foarskiednis, fertelt eigener Bauke Hofman. Doe't syn foargonger deryn siet, waard ûnder de tennishal in ûndergrûnse himpkwekerij ûntdutsen. Dat wie yn 1995 by it ûndersyk nei de ûntfiering fan direkteur Snijder fan technyske gruthannel Lasaulec yn Ljouwert. De man sels waard fêsthâlden yn in bygebou fan in hûs yn Froubuorren. De hiele saak wie yn 16 oeren tiid oplost.
Hofman is sûnt 1999 útbater fan de tennishal, anneks sport- en fitnesssintrum yn Froubuorren. Hy wurke dêrfoar as finansjeel manager yn Amsterdam. Syn frou wurke by de plysje yn Utrecht. Sy hat no in massaazjesalon by de tennishal. Bauke is bliid mei syn oerstap nei it Noarden: "It wennet hjir geweldich. Jo hawwe hjir alle romte."
Geert van Tuinen praat mei Bauke Hofman
Bistetún Ut Parkie
Esther fynt de kninen it moaist. Se binne sa leaf en sêft om te aaien. In jonkje komt der alle dagen, foaral foar de hinnen, seit er, want kinst dan sjen oft se aaien lein hawwe.
Yn Froubuorren is in lyts bistetúntsje. Ut Parkie bestiet noch net sa lang. Yn febrewaris is it begûn mei in ponny en no rinne der ek hinnen, kninen en in kavia om. En der komme ek noch geiten by. De inisjatyfnimmers meie it terrein frij brûke fan de gemeente.
It bistekampke is ôfset mei stekken. Ut Parkie is inkeld iepen as de meiwurkers der binne. Njonken bern komme der ek heiten en memmen en pakes en beppes.
Yn it bisteparkje
Gesellich op it terras
Sauna mei eigen hannen opknapt
Joan is in man út Westfriesland yn Noard-Hollân. Hy is sûnt koart eigener fan de sauna yn Froubuorren. Mei syn partner hat er ferline jier augustus de sauna oernaam. Se hawwe it oerkocht fan de bank, want de foarige eigener wie fallyt gien.
Se hawwe in jier frijmakke om sels alles te ferbouwen. Der wie in soad achterstallich ûnderhâld. Oeral siet skimmel op en fochtplakken. Se hawwe hast alles útbrutsen, opnij betimmere en by de tiid brocht. Der is wol besocht de húslike, lytsskalige sfear te hâlden. Joan fielt him dêr oe sa thús, want de mentaliteit komt oerien mei dy fan de Westfriezen.
Ferslachjouwer Geert van Tuinen praat mei sauna-eigener Joan Peerdeman
Wat moatte dy skuon yn 'e beam?
Binne it fuotbalskuon? Is ien frustrearre oer de ôfrin fan Oranje op it EK?
De Kyfhôeck ferfongen troch nij multyfunksjoneel sintrum
It multyfunksjoneel sintrum yn Froubuorren is noch net sa lang lyn klear. Doarpsbelang hat it de lêste jierren drok hân mei de realisaasje fan it gebou It hat hiel wat fuotten yn de ierde hân, mar lang om let hat it âlde doarpshûs de Kyfhôeck plak makke foar it doarpshûs-nije-styl op it sportkompleks.
De bou begûn yn 2019 en yn april 2020 wie it klear. Mar doe kaam de corona en koe it net iepen. Dat sil no nei de simmer heve. Geert van Tuinen praat mei Jan Louwenaar oer it nije doarpssintrum.
Ferslachjouwer Geert van Tuinen praat mei Jan Louwenaar
Simmer yn Fryslân
Ferslachjouwers Geert van Tuinen en Miranda Werkman fan Omrop Fryslân spegelje harsels yn rút mei poster fan Simmer yn Fryslân.
Anita wennet yn it bertehûs fan Waling Dykstra
Yn Froubuorren stiet ek it bertehûs fan de Fryske skriuwer Waling Dykstra. Anita Postema wennet dêr no. Se lit ús it hûs sjen dat te werkennen is oan de tinkstien yn de muorre. It hûs hat noch in soad autentike eleminten, lykas it bedstee en de âlde balken, en it gonkje dat eartiids nei de bakkerij gie dêr't Waling begûn is. Fansels stiet it hûs yn de Waling Dykstrastrjitte.
Waling Dykstra (1821-1914) wie in bekende Frysk skriuwer en foardrachtskeunstner. Hy wie bakker(ssoan), mar hie folle mear belangstelling foar taal en boeken. Hy wie ien dan de grûnlizzers fan de Fryske Beweging, om de Friezen oan te setten te skriuwen en te lêzen yn harren eigen taal. Hy waard hiel bekend as foardrachtskeunstner mei de reizgjende 'winterjûnenocht'-foarstellingen. Syn bekendste tekst is wol dy fan it liet Wat bisto leaflik, riizjende simmermoarn.
Jeu de boulesklup De Butsmiter
De manlju dogge earst in bakje en dan giet it los.
Mûne yn Froubuertstermole
De byldbepalende mûne dêr't Froubuertstermole nei neamd is
Hynstefammen
Rianne en Gelbrich binne lid fan hynsterydferienig De Molenruiters yn Froubuerstermole. De fêste kearn fan dizze klup mei krapoan twahûndert leden is begûn op de ponnyklup en se groeie mei-inoar op. Trainingen lykas 'ruiterfit mei in skippybal' en wedstriden binne wichtich, mar ek de gesellichheid en de feesten. De Molenruiters stiene oan de widze fan it Concours Hippique fan Sint-Anne.
Geert van Tuinen praat mei Rianne de Groot en Gelbrich Jensma fan De Molenruiters
Ouwe Griep
Keatsferiening Klaine Izak bestiet 125 jier. De belangrykste wedstriid fan de feriening is de Ouwe Griep. Dy waard earst sûnt 1796 yn it doarp Bitgum ferkeatst. Mar keatsers út Froubuorren wûnen de wedstriid op in stuit. Se namen de haadpriis de suveren bal mei nei hûs. Dêrnei hat de sulveren bal nea wer yn Bitgum west en de Bitgumers wiene dêr lilk oer.
No is de Ouwe Griep noch altyd de jierlikse ledepartij yn Froubuorren. Se hawwe it foarinoar krige dat er noait weromgien is nei Bitgum. Melanie van der Mossel fan de keatsferiening fertelt dêroer. Mar earst litte twa partoeren famkes oan ferslachjouwer Willem Vermeltfoort dy't net út in keatshoeke komt sjen hoe't keatsen krekt giet.
Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort op it keatsfjild
"Je foële je thús"
Arjen Hoogland is in echte Bilkert. Hy is hikke en tein yn Froubuurt en wennet der al 60 jier op wat útstapkes nei. Syn heit en mem en pake en beppe wennen der ek al. It is neffens him in eigentiidsk doarp. Earder wurken in soad minsken by de boer, mar troch de meganisaasje is it wurk wol feroare en sit it mear yn de transport. It wurk is noch wol lânbourelatearre.
Hy mei der graach wenje. "Je foële je thús. Der wordt een prot met een ander deen, sa as restauraasje van de molen." De mienskip makket it moai.
Willem Vermeltfoort is yn Froubuorren en praat mei Arjen Hoogland
Wolkom yn Froubuorren, Froubuurt of Vrouwenparochie!
Goeiemoarn! It is de tredde dei fan Simmer yn Fryslân. Omrop Fryslân docht acht wiken lang ferslach fan alle simmerske aktiviteiten en sport yn Fryslân. Wy strike del yn ferskate doarpen en stêden. Hjoed is Froubuorren oan bar. Al sizze se op It Bilt sels benammen Froubuurt. De Nederlânske namme wie foarhinne Lieve Vrouwenparochie. Dêr is no inkeld Vrouwenparochie fan oerblean. Yn it fiere ferline hiet it Kyfhôeck.
Simmerblog
Oerdeis is alles te folgjen op de radio, mei ferskate bydragen yn alle programma's. Online is it ek te folgjen yn dit simmerblog mei bydragen en foto's. Om 17.15 oere, en dêrnei yn de werhelling, is Simmer yn Fryslân mei it doarp fan de dei op telefyzje te sjen.
Juster wienen we yn Tersoal. Alles noch efkes neilêze? Dat kin hjir.