Winterwiken

Weromsjen, Wille, Waarmte

Yn de krystfakânsje sjogge wy mei jo werom op it ôfrûne jier en jouwe wy omtinken oan wichtige hichtepunten fan it jier 2015. Yn ús nijsoersjoch sjogge jo hokker nijsitem it wichtichste wie per moanne. Wille kinne jo belibje by Omrop Fryslân mei spesjale programma’s dy’t útstjoerd wurde. Lykas Teake van der Meer en Fertel Mar. Mar ek de waarmte dy’t sa heart by de winterwiken wol Omrop Fryslân by jo oerbringe mei moaie muzyk op radio en telefyzje. Under oaren it Sjongersgala, it krystkonsert en de registraasje fan 25 jier De Kast steane op it programma.

     

(advertinsje)