Krysttruie-aksje

Fia de krysttruie-aksje hat Omrop Fryslân in soad moaie krystwinsken trochkrigen. De aksje is no ôfrûn, mar dêrmei hawwe wy wol in flink tal krystwinsken fan it publyk krigen. We ha in oantal fan de moaiste krystwinsken derút helle en diele dy hjir mei jimme:

"Dat elk die hulp nedig hat dit krije sil. En dat de helpers troch helpe kinne yn dizze wrald."

''Myn winsk is dat it mei myn sweager Wiebe yn Amerika allegear goed komme mei, sadat hy syn rûntsjes riden bliuwe kin op de iisbaan fan it National Ice Center yn Milwaukee. Hy makket dêr altyd reklame foar Fryslân yn in âld Frysk reedriderstenu, maar mei sa 'n moaie Omrop-krysttrui is hy de moaiste stjer fan 'e iisbaan!''

''Ik wens zo'n mooie trui voor Sjoerd. Voor mij is hij naar de Veluwe verhuisd. Je kan een Fries wel uit Friesland halen maar je haalt Friesland niet uit een Fries! Deze trui zou hij vol trots dragen.''

''In kryst mei waarmte en mei ljocht
Gesellich mei freonen en famylje
It tegearre ite en sjonge
En even mei it korps yn tsjerke spylje

De waarme trui dy kin wer oan
We krûpe ticht by inoar
We belibje dizze dagen
Sa bysunder, dochs sa gewoan


Wat soe t moai weze
As eltsenien dit erfare kin
Ik winskje derom eltsenien
In waarme gesellige krysttiid en in tige goed begin!''

''Dat we eindelijk zwanger meie wurre nei 5 iir. En ot dat net mei wêze.... dat we een Hiele gelukkige kryst mei de Hiele familie meie fiere! En natuurlijk foar 2018 een hiel gezond iir!''

''Dat eltsenien in fyn en feilich thûs hat en dat dêr gjin oarloch meer wêze sil yn dizze wrâld. Boppedat fyn ik de trui hielendal geweldich en soe ik it in extra moai oantinken fine want ik ha it nije HEAliet ofrûne jier ynsjongt. (de dvd wie ek in hiel moai oantinken mar dizze trui is hielendal geweldich!). (Elin, 10 jier)''

"Ik winskje dat elkenien in gesellige kryst fiere kin mei famylje en freonen. Dat elkenien lekker waarm en smûk yn hûs sitte kin en him nearne soargen oer hoecht te meitsjen. En fansels alfêst in noflike âldjiersdei mei de fryske top100!''

(advertinsje)