Teake van der Meer

50 jier Teake van der Meer

Nei 50 jier op de planken kaam Teake van der Meer yn ferskate teaters yn Fryslân mei in jubileumshow te stean. Yn de show wurdt elkenien fermakke troch de typyske Fryske humor, komyske typkes en grappen. Griet Wiersma en Minze Dijksma kinne fansels ek net ûntbrekke en mei syn trijen ha sy dan ek in fenomenale show delset. Omrop Fryslân wie derby en hat opnamen fan dy show makke. Yn de Winterwiken is de jubileumrevu op woansdei 30 en tongersdei 31 desimber 2015 te besjen op Omrop Fryslân Televyzje.

(advertinsje)