Kryst mei Douwe

For in non-stop krystsfear

Neat sa noflik as sa út en troch efkes hielendal fuort te dreamen by in goed stik muzyk oan de ein fan it jier. Dat kin by Omrop Fryslân op www.krystmeidouwe.nl. Douwe Heeringa hat op dy online stjoerder in seleksje makke fan krystmuzyk fan oer de hiele wrâld en yn in soad ferskillende sjenres. As gjin oar wit hy de júste plaat op it júste momint oan te setten en ús hielendal yn de kryststimming te bringen. Hûnderten prachtige platen komme foarby. Fansels de klassikers en de tradisjonele Ingelske Christmas carols, mar ek muzyk út Ruslân, Skandinavië, Súd-Amearika en Yndonezië is te hearren.

(advertinsje)