Krystkonsert

Op earste krystdei

Foar de tredde kear op rige wurdt dit jier yn Theater Sneek it Krystkonsert presintearre. Sa stadichoan wurdt it in tradysje dat Omrop Fryslân in krystkonsert útstjoerd yn de Winterwiken. Dit jier is dat it krystkonsert ‘Kerstbetovering’ yn Theater Sneek. De krystshow is in show foar de hiele famylje mei optredens fan ûnder oaren, it Sneker Symfonie Orkest, Musicalopleiding MUZT, Kinder Muziek Theater, Dance Explosion en de Bigband Cue. Foar wa’t dat spektakel sjen wol, wurdt it krystkonsert op earste krystdei om 17.00 oere útstjoerd op Omrop Fryslân Televyzje. Moarns is it konsert te beharkjen op Omrop Fryslân Radio.

(advertinsje)