Frysk Sjongers Gala

In jûn om nea te ferjitten

In wier spektakel wie it ek dit jier wer by it Frysk Sjongers Gala yn skouboarch De Lawei yn Drachten. Op sneon 26 en snein 27 desimber is dat spektakel mei Fryske muzyk by jo thús te sjen. Anneke Douma, Griet Wiersma, Gurbe Douwstra en Piter Wilkens litte har wer fan harren bêste kant sjen. Neist dy Fryske artysten fersoargje ek Die Twa en sjongeres Femke Hoeksma in part fan de jûn. Alle artysten wurde begelaat troch band, blazers en koarsjongeressen fan it Frysk Jeugd Fanfare Orkest. In net te missen programma mei ferrassende duetten, nije en âlde ferskes en mei dêrnjonken opfallende kombinaasjes fan solisten.

(advertinsje)