Krystkaart ferhalen

In gearfetting

Hjir fine jo alle ferhalen fan de krystkaartaksje. De aksje giet fan start op moandei 21 desimber.

(advertinsje)

Krystkaarten moandei 21 desimber

  • Ferslachjouwer Jantine Weidenaar yn Balk
  • Ferslachjouwer Jantine Weidenaar yn Tsjerkwert

 

Balk

Joke Veldman fan Balk hat hjoed har jierdei, sy wurdt 58 jier. Dat like har man Johannes in moai momint om har te ferrassen. Want hjoed is it feest, mar it stel hat ek grutte soargen. Joke hat sûnt 2003 in donorlong. Yn 2010 is har eigen long oan de rjochterkant út har liif helle. No ha se allinne noch in long oan de linkerkant. Dat giet de lêste tiid net hiel goed, Joke hat it benaud en de eangst foar ôfstjitting spilet mei. Harkje hjir hoe't Omrop Fryslân Joke mei Johannes ferraste mei in spesjale krystkaart.

Tsjerkwert 

Heit Jan van Drogen stjoerde in fersyk foar in spesjale krystkaart yn foar syn dochter Marga Steegstra. Op 12 april dit jier stoar Marga har mem, Jan syn frou. “Bedankt voor alles wat je voor mij doet en betekent. Je bent een grote steun. Liefs van je liefhebbende vader”, sa skriuwt er. Harkje hjir nei hoe't de krystkaart oerhannige waard.

Krystkaarten tiisdei 22 desimber

  • Ferslachjouwer Onno Falkena yn Drachten
  • Ferslachjouwer Onno Falkena yn Stynsgea

Drachten


Foar Iefke Hoekstra krigen wy net ien, mar twa fersykjes foar in krystkaart binnen. De earste kaam fan Marchel Hartog, wat Iefke hat him o sa goed bystien doe't hy moannenlang op en del nei it UMCG moast. It twadde fersyk kaam fan Marchel syn mem Antje, dy’t Iefke ek foar dy soargen foar har soan betankje wol. Marchel wennet yn Ljouwert mar kin noch altyd net goed rinne, en dêrom gie syn mem Antje mei ferslachjouwer Onno Falkena mei nei Iefke. Harkje hjir nei hoe't de kaart mei in lekkere krystbôle derby besoarge waard oan de Tjaarda yn Drachten.

Stynsgea

Johanna har heit is 68 en hat prostaatkanker, hy en syn frou hawwe krekt te hearren krigen dat de bestralings net oanslaan. Eins sûnt dat hy út it wurk is (op syn 58e) ‘hat er wat’. Dierberen ferlern, bern mei relaasjeproblemen. Net sa’t it wêze moatte soe as je út it wurk binne en genietsje kinne fan it libben. “En do kinst sa weinich foar se dwaan. Dêrom hoopje ik se op dizze manier wat steune te kinnen en in oppepper te jaan”, sa seit Johanna. Harkje hjir nei hoe't ferslachjouwer Onno Falkena mei Johanna in spesjale Omrop Fryslân krystkaart besoarge yn Stynsgea.

Krystkaarten woansdei 23 desimber

  • Anneke Miedema fan Lichtaard waard ferrast troch har sussen
  • Hessel Klaver by boer Andela en syn frou

LIchtaard

Fan ‘e moarn betiid wie ferslachjouwer Timo Jepkema tegearre mei twa susters op ‘en paad. Wiere susterleafde op de betiide moarn yn Lichtaard. Anneke Sierksma waard ferrast troch har susters Ymie en Tineke. Anneke hat in pear swiere jierren efter de rêch. Nei har harsenblieding stie har libben op ‘e kop. Der is in protte feroare. Sa kin sy har wurk as juf op skoalle net mear dwaan en dat falt har swier. Ymie en Tineke wolle Anneke witte litte dat sy oan har tinke en fan har hâlde. Ferslachjouwer Timo Jepkema gie mei de froulju by Anneke del, harkje hjir foar de bydrage. 

Wyns

Hessel Klaver hat sa’n 13 jier by Andela op ‘e pleats wurke. Dat die hy altyd mei in protte wille en sa dwaande hawwe sy in bysûndere bân krigen. Hessel wurdearret dat bot en wol Andela graach betankje: “Op dizze wize wol ik him blike litte dat ik Andela en syn frou yn myn hert sletten haw.” Ek wol Hessel harren betankje foar harren leafde en geduld dy’t sy altyd foar him hienen. Harkje hjir nei hoe’t ferslachjouwer Timo Jepkema tegearre mei Hessel in spesjale Omrop Fryslân krystkaart besoarge yn Wyns. 

Krystkaarten tongersdei 24 desimber

  • Ferslachjouwer Andor Faber yn Koatstertille
  • Ferslachjouwer Andor Faber yn Surhústerfean

Koatstertille

De earste krystkaart is hjoed útdield oan Hannie Kuiper. Hannie har man is ôfrûne maart op 59-jierrige leeftiid ferstoarn. Dit wurdt dus de earste kryst sûnder him. Sy misse himme allegearre hiel bot. Hannie har dochter Doetie hat har opjûn, om’t sy fynt dat Hannie dit fertsjinnet. Doetie: “Wy hâlde allegear hiel bot fan har, tegearre rêde wy it wol!” Harkje hjir nei hoe’t ferslachjouwer Andor Faber mei Doetie in spesjale Omrop Fryslân krystkaart besoarge yn Koatstertille.

Surhústerfean

De krystkaart yn Surhústerfean wurdt spesjaal besoarge foar in wol hiele spesjale mem. Mem Ankje en heit Sake Banga hawwe tegearre 9 bern. Ankje is 89 jier en Sake 92 jier. Mar sy wenje noch hieltyd selsstannich. Sake hat in harseninfarkt hân en kin dêrtroch net mear selsstannich rinne en bygelyks nei it húske. Ankje stiet 24 oeren deis foar har man klear en soarget foar him. Dat kin sa as sy seit noch hieltyd om’t sy: “Noch altyd fereale op inoar binne”. De kaart wurdt oan mem Ankje jûn útnamme fan Sake Banga en de bern. Harkje hjir nei de bydrage fan ferslachjouwer Andor Faber. 

(advertinsje)