BAK

De spylfilm

De Frysktalige spylfilm BAK giet oer stedsferslachjouwer Sjerp Bak dy’t ferslach dwaan moat oer de fermoarde Remco Beets, wylst Sjerp sels de dieder fan de moard is. Sjerp wurket as sjoernalist foar de Ljouwerter krante en sil him ferdjipje yn it libben fan Beets. Kin Sjerp de wierhied ferdraaie? De film fan regisseur Auke de Witte is basearre op de lyknammige koarte roman fan Sietse de Vries. Fan moandei 21 oant en mei tongersdei 24 desimber is BAK yn fjouwer dielen te sjen op Omrop Fryslân Televyzje.

(advertinsje)