Wolkom yn de winter fan Omrop Fryslân. Hjir fynst de moaiste programma's foar de feestdagen, fan de Fryske top 100 oant it Fryslân Hjoed Jieroersjoch. Alle dagen iepenet der in fakje yn de advintskalinder foar in moai ekstraatsje op ús social media kanalen.

Download de Omrop-app en sjoch wat der alle dagen achter de fakjes sit. Downloade kin yn de Google Play Store of de App Store.

BINGO!

Tine liedt de bingo yn in buerthûs. Se komt te let. Tine ferûntskuldiget har en begjint ûnbedoeld oer har krekt stoarne mem, mei wa’t se al tsien jier gjin kontakt hie. Wylst Tine har bêst docht om op fleurige wize de bingo ta in goed ein te bringen, analysearret se de relaasje mei har mem. Hie se mear sjen moatten, wat oars dwaan kinnen? Se freget it har lûdop ôf. En dan ropt ien: ‘Bingo!’

BINGO! is twadde krystdei fan 18.00 oere ôf alle oeren te sjen. Of sjoch it programma no online.

Fryske top 100

De stimbus is sletten! De Kast stiet foar it earst op ien yn de Fryske top 100, mei de live-útfiering fan In Nije Dei. Benijd nei de folsleine list? Sjoch op www.frysketop100.nl.

De Fryske top 100 fan 2023 is bekend. Sjoch hjir foar de folsleine list.

Bartele Buse

De film Bartele Bûse fan Omrop Fryslân-Tsjil gie ôfrûne neijier al yn premjêre op it Cinekid Festival yn Amsterdam, mar is dizze feestdagen ek te sjen by Omrop Fryslân. Wannear't in magyske kaam yn 'e hannen falt fan de behelpsume kapperssoan Bartele, groeit it hier fan alle klanten op magyske wize fan de iene op de oare dei. Mar as de situaasje út de hân driget te rinnen fanwege de habsucht fan syn heit, hat Bartele de help fan in tovener nedich om de magyske kwestje op te lossen.

Bartele Bûse is 29 desimber fan 17.20 oere ôf alle oeren te sjen. Of sjoch it programma no online.

It Fryslân Hjoed Jieroersjoch

Yn it Fryslân Hjoed Jieroersjoch meitsje wy in reis troch it jier 2023. We sjogge werom mei gasten dy’t om hokker reden dan ek yn it nijs west ha. Om’t se op de barrikaden klommen foar it iepenbier ferfier of om’t se diel útmakken fan in politike ferrassing. Ek binne we te gast by de Oekraynske famylje Marianko dy’t fanwege de oarloch ôfrûne jier ûnderbrocht waard yn in sjalet yn Ljouwert. Fansels sjogge we ek werom op grutte nijsûnderwerpen lykas it brânende frachtskip dat wikenlang foar de kust lei.

It Fryslân Hjoed Jieroersjoch is 30 desimber fan 18.15 oere ôf alle oeren te sjen. Of sjoch it programma no online.

HEA! Jieroersjoch

HEA! pakt âldjiersdei grut út mei in feestlik jieroersjoch. In oere lang moaie, oandwaanlike, bysûndere en hilaryske reportaazjes, oaninoar praat troch bekende Hea!-gesichten. We sjogge wer even by Harry Bootsma op ’e Lemmer mei syn machtige Bentley Merlin V12 special út 1952. En hoe gie it ek al wer mei de bruorren Rindert en Foppe Douwe op de Trekkertrekwedstriid yn Rinsumageast?

It HEA! jieroersjoch is âldjiersdei fan 18.00 oere ôf alle oeren te sjen. Sjoch it programma no online.

Sis it mar

Yn de earste wike fan jannewaris draait Omrop Fryslân watsto hearre wolst. Begjin it nije jier mei dyn favorite nûmers. Wat wolsto hearre? Sis it mar en stjoer dyn fersykje nei de Omrop-app. De presintaasje leit de hiele wike yn hannen fan ferskate Omrop-duo's.

Sis it mar! fan moandei 1 o/m sneon 6 jannewaris de hiele dei fan 6.00 oant en mei 01.00 oere te hearren. Sjoch hjir foar alle ynformaasje.

De Boer sjongt Bos

Al mear as in heale iuw makket Adri de Boer diel út fan it noardlike muzyklânskip. Hy brocht dit jier ‘Letter’ út, in album wêryn’t er nûmers fan Stef Bos yn in Frysk jaske stuts. It idee om it wurk fan Stef Bos oer te setten ûntstie op basis fan de treffende oerienkomsten tusken de twa muzikanten en lietskriuwers. De registraasje fan Adri de Boer syn ‘De Boer sjongt Bos’ is te sjen by Omrop Fryslân.

De Boer sjongt Bos is woansdei 27, tongersdei 28 en freed 29 desimber om 19.20 oere te sjen by Omrop Fryslân. Of sjocht it programma no online.

Foarútsjen mei Reitse

Yn de earste wike fan jannewaris giet Reitse de útdaging oan: foar 10 euro iten te sieden foar 4 persoanen. Wat it noch spannender makket is dat Reitse net sels de yngrediïnten keapet mar syn gasten. Dizze wike sûn, grien, lekker en maklik iten as start fan it nije jier.

Foarútsjen mei Reitse is fan 1 o/m 5 jannewaris om 17.20 oere ôf alle oeren te sjen. Sjoch hjir foar alle ynformaasje en gerjochten.

Skuld

Dizze Noarsk-Fryske film is dizze feestdagen te sjen by Omrop Fryslân. Gosse wennet al 20 jier allinne, allinne syn hûn hâldt him selskip. Hy is nei Noarwegen gien om’t hy de realiteit net oankoe. Op in simmerdei stiet jongeman Sake ynienen foar syn noas, die twingt him dyselde realiteit wol ûnder eagen te sjen. Gosse wol sa gau as mooglik fan Sake ôf, mar it lot hat oare bedoelings.

Skuld is 27 desimber fan 17.20 oere ôf om it oere te sjen. Of sjoch it programma no online.

Lucia Krystkonsert

Yn Snits fynt dit jier tradisjoneel it Lucia Krystkonsert wer plak. It Lucia Krystkonsert is in Sweedske tradysje dêr’t bern mei wite klean en in reade sjerp mei kearskes op de holle harren âlden wekke en iten bringe mei Lucia ferskes. In oantal yn Sweden bekende ferskes binne spesjaal foar dit projekt yn it Frysk oersetten.

It Lucia Krystkonsert is earste krystdei om 17.00, 19.00, 21.00 en 23.00 oere te sjen. Of sjoch it konsert no online.

Sportkafee Bakker en De Vries

Yn ‘Sportkafee Bakker en De Vries’ sjogge presintatoaren Andries Bakker en Roelof de Vries werom op in tal sportive hichtepunten fan it ôfrûne jier. Gasten binne ûnder oare keatser Taeke Triemstra, roeiers Ymkje Clevering en Jan van der Bij, swimster Marrit Steenbergen en de trainers Henk de Jong en Jillert Anema.

Sportkafee Bakker en De Vries is sneon 30 desimber tusken 9.00 en 12.00 oere te hearren en te sjen op radio en telefyzje. Of sjocht it programma online.

Ofskiedskonsert De Wiko's tsien jier letter

Tsien jier ferlyn naam de frontman fan it bekende stimmingsorkest De Wiko’s, Kobus Algra, ôfskied fan syn publyk. Algra wie slim siik en koe net fierder as muzikant. Under de titel “Ofskiedskonsert De Wiko’s tsien jier letter”, bringe muzikanten in earbetoan oan Kobus Algra.

‘Ofskiedskonsert De Wiko’s tsien jier letter’ is tongersdei 28 desimber fan 17.20 oere ôf alle oeren te sjen. Of sjoch diel 1 en diel 2 no online.

Krystnachttsjinst

Omrop Fryslân stjoert krystnacht live op telefyzje en ynternet in ekstra tsjerketsjinst út, in spesjale krystnachttsjinst. Rjochtstreeks fanút de Martinitsjerke yn Snits.

De krystnachttsjinst is snein 24 desimber om 22.00 oere te sjen. Of sjoch de tsjerketsjinst no online.

NNO Krystkonsert

Fier de feestdagen mei it Noord Nederland Orkest! Dizze krystdagen spilet it orkest de moaiste barok klassikers. It belooft in sfearfol feest fan waarmte en ljocht te wurden.

It NNO Krystkonsert is earste krystdei om 13.00, 16.00, 18.00 en 22.00 oere te sjen. Of sjoch it konsert no online.

Kryst mei Douwe

Presintator Douwe Heeringa hat foar de krystperioade wer in ferskaat oan unike krystmuzyk útsocht. Mei de krysttiid yn it foarútsjoch hat Douwe Heeringa klassikers en modernere stikken útsocht dy't út alle dielen fan de wrâld komme. Tink oan muzyk út Skandinavië, Ingelân en Yndonezië.

Harkje hjir nei Kryst mei Douwe.

Kryst mei Sjerk, Bernard & Wim

Sjerk Faber fan Easternijtsjerk wie ûndernimmer en lûkt no syn akkordeon wer gâns faker út de kast. Sake Hijlkema docht in greep út syn persoanlike muzikale oantinkens en tradysjes om de krystdagen hinne. Wim Douma is húsarts yn Kollum en, jawis, ek muzikant yn de frije tiid: earder yn Oerémis en mei syn broer Theo yn ‘Douma & Douma’, no solo mei ‘de Welpen’. Presintaasje is yn hannen fan Wim Brons.

Kryst mei Sjerk, Sake, Bernard & Wim is te beharkjen op earste krystdei fan 13.00 oere ôf.