Wike fan de Soarch by Omrop Fryslân

Omrop Fryslân dûkt djipper yn de soarch

Fan 27 oktober oant 2 novimber jout de omrop ekstra omtinken oan de soarch op radio, televyzje en ynternet.

Op 1 jannewaris 2015 feroaret der hiel wat yn de soarch. Gemeenten en fersekeraars krije mear taken en ferantwurdlikheden. De organisaasje moat oars én der moat besunige wurde. Hjir wurdt troch de hiele sektor al hurd oan wurke, mar de feroarings binne foar in soad minsken no al in soarch. Hoe komt it mei myn help yn de húshâlding? Krije mantelsoargers it nóch drokker? Kinne jo noch nei in fersoargingshûs? Hoe fyn ik mear ynformaasje en wa kin ik oansprekke.

Op dizze fragen én mear besykje wy yn dizze wike antwurden te finen. Op dizze side fine jo alle televyzje- en radioreportaazjes werom oer de Wike fan de Soarch.

(advertinsje)

Buro de Vries slút de 'Wike fan de Soarch' ôf

As ôfsluting fan de 'Wike fan de Soarch' in spesjale útstjoering fan Buro de Vries streekrjocht út sûnenssintrum Sûnenz yn Drachten wei.
Anke Huizenga fan Zuid Oost Zorg is mei de inisjatyfnimster fan it sûnenssintrum Sûnenz. Sy fertelt oer it hiele konsept fan dit fernijende sintrum.

It saakkundige-panel, mei dêryn Margreet de Graaf fan soarchbelang Fryslân, wethâlder Sjoerd Tolsma fan de gemeente Súdwest-Fryslân en Roeli Mossel, ien fan de direkteuren fan soarchgroep Palet, jout ynformaasje oer de feroarings yn it soarchstelsel yn 2015. Ek is der in kollum fan ûntwikkelingspsycholooch Gerrit Breeuwsma.

Siebe Hoeksma is 'Zorgbroeder'

  • Siebe Hoeksma is 'Zorgbroeder'
  • Siebe Hoeksma is 'Zorgbroeder'

Troch de ynfiering fan de nije soarchwet takom jier sjit der in grut tal nije bedriuwen en insjatieven as poddestuollen de grûn ut. Somtiden ûntstiet soks út need of út frustraasje oer it nije belied. Oaren sjogge yn de feroarings in nije kâns. Lykas Siebe Hoeksma fan Koatstertille, dy't himsels de Zorgbroeder neamt. No wurket er noch yn de ambulante nachtsoarch fan Nij Stapert yn Wommels, mar dernjonken is der drok dwaande mei nije techniken de soarch makliker te meitsjen.

Hea!-soarchportret: Remco Visser soarget foar soarch op It Amelân

  • Hea!-soarchportret: Remco Visser soarget foar soarch op It Amelân

Remco Visser is op it Amelân sawol koördinator as ferpleechkundige fan Thuiszorg Friesland. Hy wit alles wat der bart op it eilân op it mêd fan soarch en as it der net is, dan soarget hy dat it der komt. Sawol foar de minsken dy't op It Amelân wenje as minsken dy't op fakânsje komme, is Remco spesjaal en fine se dat hy it krekt allegear efkes oars docht. Ek de kollega's binne tige wiis mei him.

De soarchkollum fan Griet Wiersma: de soarch foar ús mem

  • De soarchkollum fan Griet Wiersma

Fiif bekende Friezen fertelle yn in kollum hoe't sy tsjin de soarch oan sjogge. De lêste is fan sjongeres Griet Wiersma. Se wol it graach ha oer de soarch foar har mem.

In húskeamer foar deminte âlderen

  • In húskeamer foar deminte âlderen

De oergong fan de soarch nei gemeenten hat grutte gefolgen. Ek yn de soarch foar deminte âlderen. Dêr fernimme se it no al, lykas yn Westerpoort yn Frjentsjer. Dêr wenje deminte âlderen yn in húskeameromjouwing. Sy fiele har dêr folle better. Mar minsken binne skruten om hjir komme te wenjen, omdat se net witte hoe't se it aanst betelje moatte.

De Wmo en it Thomashûs

  • De Wmo en it Thomashûs

Mei yngong fan 1 jannewaris 2015 giet de nije Wet Maatschappelijke Ondersteuning, de Wmo, fan start. Dêrmei komt de ferantwurdlikheid by de gemeenten te lizzen. Wat betsjut dat foar de soarchynstellings yn Fryslân, lykas de Thomashuzen. Yn de hieltyd feroarjende soarchwrâld is it Thomashûs ien fan de weinige stabile faktoaren. Foar de bewenners en soarchferlieners fan it Thomashûs noflik, want krekt dizze groep hat in protte baat derby dat der net tefolle feroaret yn harren omjouwing.

Fernijende soarchinisjativen yn Bynt: yn aksje tsjin Alzheimer

  • Fernijende soarchinisjativen yn Bynt: yn aksje tsjin Alzheimer

Alzheimer is hurd op wei folkssykte nûmer 1 te wurden. Hjir yn Fryslân wenje rom 11.000 minsken mei deminsje. En om te soargjen dat dy minsken better yn har fel komme te sitten, is de metoade DCM ûntwikkele: Dementia Care Mapping.
It is in Ingelske metoade, mar yn Burgum sitte de spesjalisten foar Nederlân.

Minder jild foar soarchbuorkerijen

  • Minder jild foar soarchbuorkerijen
  • Harkje nij de bydrage oer de soarchbuorkerijen

Ek soarchbuorkerijen krije in soad feroarings foar de kiezzen mei it each op de oankommende feroarings yn de soarch. Se biede geregeld soarch sûnder dat dat fêstlein is yn kontrakten. Foar it jild binne se aanst ôfhinklik fan gemeenten, want dy beheare de soarchbudzjetten.
Op it stuit is der noch in soad net dúdlik, útsein dat de soarchbuorkerijen minder jild krije. Soarchbuorkerij Moai Seldsum yn Oentsjerk moat nei 1 jannewaris wol mei 11 gemeenten saken dwaan….

De soarchkollum fan Foppe de Haan: "Net stinne mar rinne!"

  • De soarchkollum fan Foppe de Haan: Net stinne mar rinne!

Fiif bekende Friezen fertelle yn in kollum hoe't sy tsjin de soarch oan sjogge. Foppe de Haan wol it yn syn kollum net hawwe oer de negative kanten fan de soarch. Hy hellet de aardige punten fan de soarch nei foaren, lykas de koarte tiid wêrnei't in pasjint wer nei hús mei. En de saken dêr't wy ynfloed op hawwe, lykas goed ite, drinke en bewege. "Net stinne mar rinne!"

Hea!-soarchportret: Henk van Houten en 'syn' berne-ôfdieling

  • Hea!-soarchportret: Henk van Houten en 'syn' berne-ôfdieling

Henk Houtman wurdt op hannen droegen yn sikehûs De Tjongerskâns op It Hearrenfean. Hy wurket dêr al 42 jier en hy kin him gjin libben foarstelle sûnder syn berne-ôfdieling. Dat de bern, âlden en kollega's safolle fertrouwen yn en respekt foar him ha, fynt er it moaiste fan syn wurk.

Hoe spylje de sikehuzen yn op de nije WMO-wet?

  • Hoe spylje de sikehuzen yn op de nije WMO-wet?

Troch de nije Wet Maatschappelijke Ondersteuning, WMO, komt de ferantwurdlikheid foar de soarch bei de gemeenten te lizzen. Wat betsjut dat foar de soarchynstellings yn Fryslân? Hjoed oandacht foar it sikehûs. Hoe spylje se yn op de nije WMO-wet en binne se der klear foar?

Fernijende soarchinisjativen yn Bynt: Revalidearje troch te gamen

  • Revalidearje troch te gamen

Yn Bynt in petear mei Tim Laning fan Grendel Games út Ljouwert. Sy hawwe in nije balâns-game makke foar bern mei harsenletsel.

Hea!-soarchportret: Okke de Boer, al 14-jier taksysjauffeur

  • Hea!-soarchportret: Okke de Boer

Yn ús soarchrige ride wy mei op de taksybus fan Okke de Boer. Doe't Okke boukunde studearre socht er in bybaantsje en fûn dat by de taksy. Yntusken sit hy alwer 14 jier op de taksybus, want Okke fynt it prachtich wurk. Hy rydt minsken nei allerhande soarch-yntsellings, lykas de dei-besteding. En de kliïnten? Dy binne och sa wiis mei Okke.

De soarchkollum fan Herre Zonderland: soarch foarkomme

  • De soarchkollum fan Herre Zonderland

Fiif bekende Friezen fertelle yn in kollum hoe't sy tsjin de soarch oan sjogge. Herre Zonderland is fansels de 'broer fan', mar ek eks-topturner en tsjinwurdich sportmanager. Syn kollum giet oer hoe't jo foarkomme kinne dat jo soarch nedich ha.

"Feroarings yn soarch giet net goed kommen"

  • Feroarings yn soarch giet net goed kommen

Leden fan it fakbûn FNV/Abvakabo tinke dat it mei de feroarings yn de soarch net goed gean sil. Se tinke dat it te hurd gean sil en dat de gemeenten te folle besunigings foar de kiezzen krije. Dêrom giene se hjoed by 11 ferskate soarchynstellings yn Fryslân del om hantekenings tsjin te plannen yn te sammeljen. De aksjefierders ferwachtsje yn totaal sa'n 1200 hantekens byelkoar te krijen. Op 7 novimber sille se dy oan it regear oanbiede.

Gefolgen fan de nije WMO-wet foar de GGZ

  • Gefolgen fan de nije WMO-wet foar de GGZ

De nije Wet Maatschappelijke Ondersteuning, de WMO, giet op 1 jannewaris 2015 yn. Troch dizze wet komt de ferantwurdlikheid foar de soarch by de gemeenten te lizzen. Wat betsjut dat foar de soarchynstellings yn Fryslân? Hjoed omtinken foar de GGZ, de organisaasje is foar it grutste part ôfhinklik fan WMO-jild. Hoe spylje se yn op de nije WMO-wet en binne se der klear foar?

Fernijende soarchinisjativen yn Bynt: Mama Mascha

  • Mama Mascha

2 ûns grienten en 2 stiks fruit. It wurdt al jierren roppen en dochs binne der noch in hiel soad minsken dy't net sûn genôch ite en libje. En dêrmei mear kâns meitsje op groanyske syktes. In grutte soarchfersekerder yn Fryslân wol dat foarwêze en Mascha Perquin, better bekind as Mama Mascha mei har food-truck, sil dêr by helpe. Daliks te sjen yn Bynt.

Hea!-soarchportret: Greetje Bakker, soarchmeiwurker en frijwilliger

  • Hea!-soarchportret: Greetje Bakker

Yn dit Hea!-soarchportret treffe wy Greetje Bakker fan Boalsert. Sy hat sels in tige drokke baan yn de soarch. Dêrneist siedt se elke tiisdeitejûn as frijwilliger foar de minsken fan it moetingssintrum Us Thús yn har wenplak.

Tsjek giet oer soarch

  • Tsjek fan 28 oktober 2014

Ek Tsjek giet dizze wike hielendal oer de soarch. We sjogge wêrom't Bauke syn broerke Rienk ekstra goed helpt, Alyt jout earste help oan in slachtoffer yn Slappeterp en Mirjanna wit no hoe't in ambulânse der fan binnen útsjocht.

De soarchkollum fan Hans Anker: posityf oer syn soarch

  • De soarchkollum fan Hans Anker

Fiif ferneamde Friezen fertelle yn in kollum hoe't sy tsjin de soarch oan sjogge. Advokaat Hans Anker hat it ôfrûne jier in soad ûnderfining opdien yn de soarch as pasjint. Troch in fal yn desimber ferline jier hat er beide ankels ferbrizele. De advokaat út Akkrum moast it ôfrûne jier revalidearje en is tige tefreden oer de soarch dy't hy krige.

Undúdlikheid oer thús âld wurde

  • Sjoch nei frou Bosma fan 104 jier
  • Frou Bosma is 104 jier wurden

It regear wol dat âlderen sa lang as mooglik thús wenjen bliuwe. Dan is thússoarch en húshaldlike help faak nedich. Dochs is ûndúdlik hoe't it komt as de gemeente aanst de soarchtaken fan it Ryk oernimt. Dêr ha de 104-jierrige Jacobje Bosma-Van der Duin fan Appelskea en har famylje soargen oer. We giene del by Frou Bosma de dei nei har 104e jierdei.

Thússoarch klear foar WMO

  • Thússoarch klear foar WMO

Mei yngong fan 1 jannewaris 2015 giet de nije Wet Maatschappelijke Ondersteuning, de WMO, fan start. Dêrmei komt de ferantwurdlikheid by de gemeenten te lizzen. Wat betsjut dat foar de soarchynstellings yn Fryslân? Tiisdei ha wy oandacht foar de thússoarch. Hoe spylje dy yn op de nije WMO-wet?

Fernijende soarchinisjativen yn Bynt: it Doarpshiem

  • It Doarpshiem

Yn Bynt wurdt stilstien by fernijende inisjativen. Lykas it projekt Doarpshiem. Dat komt der op del dat minsken dy 't soarch nedich ha, dat krije fan doarpsgenoaten. Yn Stiens is it earste Doarsphiem realiseard.

Hea!-soarchportret: Fenna Westra fan de buertsoarch

  • It Hea!-soarchportret: Fenna Westra fan de buertsoarch

Yn Hea! litte wy alle dagen in portretsje sjen fan minsken dy't mei hert en siel yn de soarch oan it wurk binne en wat sy betsjutte foar oaren. Fenna Westra wurket foar de buertsoarch yn Stiens. Mei in lyts team fan sa'n seis kollega's soarget Fenna derfoar dat harren kliïnten noch goed thús wenje kinne of dat se goeie opfang ha nei bygelyks in operaasje. Fenna wurket fol passy en de kliïnten kinne net sûnder har.

De soarchkollum fan Wini Weidenaar: 'Ik wit net oft ik wol âld wurde wol'

  • De soarchkollum fan Wini Weidenaar

Dizze hiele wike op Omrop Fryslân Radio in spesjale soarchkollum. Fiif ferneamde Friezen fertelle hoe't sy tsjin de soarch oan sjogge. De earste kollum is fan Wini Weidenaar, kommunikator en ûndernimmer. Sy twivelet oft se wol âld wurde wol...

Sjoerd Tolsma: wethâlder en mantelsoarger

  • Sjoerd Tolsma: wethâlder en mantelsoarger
  • Sjoerd Tolsma: wethâlder en mantelsoarger

Sjoerd Tolsma is wethâlder yn de gemeente Súdwest-Fryslân en mantelsoarger. Syn âlders wenje yn Frittemahûs yn Snits. Mem Tolsma hat 30 jier lyn in harsenblieding hân en is der eins nea wer better fan wurden. Heit wie doe ynienen op 50-jierrige leeftiid mantelsoarger. Sjoerd wie doe krekt it hûs út, mar ek de rol fan de bern feroare hjir bot troch. Ek syn suster is mantelsoarger.

De Fryske gemeenten binne klear foar alle feroarings yn de soarch. Alle gemeenten lizze op skema. De kontrakten binne sa stadich oan wol tekene en Tolsma ferwachtet ek
dat binnen de jeugdsoarch de kontrakten binnen 2 wiken wol rûn binne. Dizze feroarings - de foarming fan gebietsteams wêryn ferskate saakkundigen sitte mei de ferantwurdlike amtners - hawwe de boel bot opskodde yn de sektor en dat is in goeie saak. Lanlik krijt Fryslân altyd komplimenten, omdat de gearwurking hjir sa goed is en it sa goed rint.

Tolsma fynt dat der mear omtinken komme moat fanút de gemeenten foar mantelsoargers en frijwilligers yn de soarch. Dizze groep krijt it hieltyd swierder en al hielendal troch de feroarings yn de soarch. Hjir soe dus mear each foar wêze moatte.

(advertinsje)