Wike fan de Fryske Top 100

Fan 19 oant en mei 24 oktober by Omrop Fryslân

De hjerstfakânsje is de ‘Wike fan de Fryske top 100’ by Omrop Fryslân. En dat betsjut ekstra Fryske hits, ekstra Fryske optredens en ekstra kâns op moaie prizen.

Stimme foar de Fryske Top 100

Yn de Wike fan de Fryske top 100 is it offisjele startmomint fan de Fryske top 100. Moandei 19 oktober iepenet Iris Kroes de stimbus. Minsken kinne lykas oare jierren wer stimme op har favorite Fryske hit fia frysketop100.nl. Mar it wurdt noch makliker, stimme kin dit jier nammentlik ek fia de Omrop-app.

Muzyk yn de húskeamer

De Fryske muzyk is net allinnich op de radio te hearren, mar ek live yn guon húskeamers. Fia kommardel.nl kinne minsken harren opjaan foar in húskeamerkonsert fan Wiebe Kaspers, De Kast, Grytz & Grize, Weima & Van der Werf of Vangrail. Jûns is der yn it televyzjeprogramma Bynt in kompilaasje te sjen fan de hûskeamerkonserten.

Wit de hit

Fansels falle der ek moaie prizen te winnen yn de Wike fan de Fryske top 100. Yn it radiospultsje ‘Wit de hit’ wurdt de tekst fan it iene ferske op de muzyk fan in oar nûmer setten. Dielnimmers moatte titel en artyst fan beide hits trochjaan. Minsken mei it goede antwurd meitsje kâns op in eksklusive Omrop Fryslân koptelefoan.

Radio Froskepôle

Yn Radio Froskepôle ek ekstra omtinken foar de Fryske muzyk. Dat betsjut konkreet: alle jûnen in live-studiokonsert fan in oere mei publyk derby. Op moandei wurdt ôftrape mei de Top en Twel Sjongers. Tiisdei de ‘grande dame’ fan de Fryske muzyk Anneke Douma en woansdei is Bauke van der Woude te gast. Tongersdei komt de Biltske band The Feetwarmers en de live-konsertrige wurdt op freed ôfsletten mei Keatling fan De Jouwer. 

Ofsluting

Sneon 24 oktober, de lêste dei fan de Wike fan de Fryske top 100, wurdt op radio, televyzje en ynternet feestlik ôfsletten mei optredens yn ‘Sneon yn Fryslân’. Presintator Wim Brons rydt troch de provinsje mei Fryske artysten Gurbe Douwstra en de Doelleazen. Sy trede op yn Snits, op It Hearrenfean en yn Drachten, tagelyk wurde der stimmen foar de Fryske top 100 ynsammele yn in grutte stimbus. 

(advertinsje)