It wetterskip

We binne yn Fryslân al iuwen dwaande mei wetter. Wetter is ús freon, mar ek ús fijân. Fryslân wurdt beskerme troch seediken en polderdiken. Wetterskip Fryslân, it âldste bestjoersorgaan fan Fryslân, soarget dat we ús fuotten drûch hâlde troch sterke diken.

Want it klimaat feroaret, de seespegel stiicht, we krije mear delslach en mear drûchte. Alle jierren jout it Wetterskip sa'n 140 miljoen euro út om Fryslân drûch en it wetter op peil en skjin te hâlden. Yn in rige fan trettjin ôfleveringen sjocht Omrop Fryslân wat der yn Fryslân allegearre bart oan dat wetterbehear.

It wetterskip útstjoeringen

(advertinsje)