#WESETTETROCH by Omrop Fryslân

Wy hawwe goed nijs: it gefoel fan Simmer yn Fryslân hâldt net op yn augustus! Wy sette troch mei it meitsjen fan moaie programma's. Septimber belooft in prachtige moanne te wurden mei fierljeppen, keatsen, betelle fuotbal in nije searje oer GGZ Friesland, It Polytburo, it altyd populêre Hea! en noch mear moais.

Fierljeppen

    Der kin yntusken wer ljept wurde! Op sneon 5 septimber stiet it FK Fierljeppen op it programma en dat is net allinne online en op radio te folgjen, mar ek op telefyzje. De bêste fierljeppers fan Hollân en Fryslân wurde selektearre foar it NK Fierljeppen. Ek dy wedstriid sette wy live troch op sneon 19 septimber.

    Keatsen

      Foar de keatsleafhawwers hat Omrop Fryslân ek genôch moais. Op 19 septimber wurdt de Freule keatst en dy partij is live te folgjen by Omrop Fryslân. Mar ek de froulju folgje wy! Snein 27 septimber stjoert Omrop Fryslân de Frouljus PC fan 11.00 oere ôf live út.

      Noch mear moaie programma's

        Op telefyzje sette we troch mei suksesnûmers as Hea! en It Polytburo en fansels bliuwt Fryslân Hjoed der mei de aktualiteiten. Op 31 augustus begjinne wy boppedat mei de prachtige searje Fan Binnenút, ferhalen út de GGZ wei. In yntrigearjende blik efter de skermen by GGZ Friesland. Op radio wurde wer moaie programma's trochsetten mei ûnder oare de sport en it kroanjier yn Snein yn Fryslân, de moaiste eftergrûnferhalen yn Buro de Vries, en René Koster set troch mei syn moetingen op strjitte yn In Frisse Noas. In rubryk dy't yn coronatiid ûntstien is mei de moaiste ferhalen.

        Trochsette mei de bern

          De bern meie wer nei skoalle en dat sil de earstkommende tiid ek wol efkes trochsetten wêze. Gelokkich kinne bern thús én op skoalle genietsje fan Omrop Fryslân Tsjil. Mei in spesjale app kinne bern yn in feilige omjouwing Fryske filmkes besjen dy't foar harren leeftiid geskikt binne. Omrop Fryslân Tsjil is ek te folgjen op Instagram, YouTube en TikTok.

          Kâns op in mega flatscreen

            Op radio kinst meidwaan oan de #wesettetroch-kwis. Fan moandei oant en mei freed wurdt yn alle programma's in fraach steld oer in nij of besteand telefyzjeprograma. Hast it goed? Dan makkest kâns op it drankje-plankje-pakket. Dochst alle dagen mei en hast de hiele wike it goede antwurd jûn? Dan makkest freed ek nochris kâns op de grutte flatscreen. Sjoch hjir foar mear ynformaasje en de aksjebetingsten. 

            (advertinsje)