It waar

De dei begjint mei in protte sinne, mar geandewei de middei komt er mear bewolking foar, letter yn 'e middei of yn ‘e jûntiid yn it Waadgebiet al kâns op rein of lichte rein. De temperatueren oerdei sa om de 20 graden hinne. De west oant súdwestewyn is meast matich, krêft 3 of 4. Betyden of letter yn ‘e jûn en yn ‘e nacht oeral rein.

Foarútsjoch

Op moandei in oantal buien of buikes en oerdei temperatueren om de 17 graden hinne. Tiisdei is het krekt wat kâlder mei 16 graden. Ek op tiisdei kâns op wat buien. Woansdei drûch waar mei rydlik wat sinne. De temperatuer is mei 15 graden oan de lege kant foar dizze tiid fan it jier.

Waarfoto

Hasto ek in moaie, aktuele waarfoto yn Fryslân makke? Lit him ús sjen en stjoer him hjir yn! De moaiste waarfoto's binne hjir en op ús Instagram werom te sjen.

Waarfoto

PietCast, de podcast fan Piet

Sa'n bytsje oan de ein fan dizze simmer is it tiid om Piet Paulusma wer ris even op te sykjen foar de PietCast. Yn Harns praat Wim Brons yn de tweintichste edysje fan de podcast mei Piet oer it útkommen fan syn simmerfoarsizzing.

Ek hawwe beide mannen it oer it feroarjende klimaat en oer Piets twivels of alle feroaringen wol troch CO2 komme. En is der neffens Piet wol genôch draachflak foar alle maatregels dy't no op stapel steane?

Fierder steane de ûnderwerpen tonger en bliksem op it programma en fansels wol Wim fan Piet witte hoe't it stiet mei 'de kopkes kofje mei mediabazen'. In lyts heal oerke ûntspannen waar- en klimaatpraat yn it lege drukgebiet op ynternet yn de tweintichste PietCast.

Reaksje of fraach? Graach! We komme derop werom. Maile kin nei Wim Brons

Mear pietcasts
(advertinsje)