De Voedselbank yn it nijs

Folgje it lêste nijs oer de itensbanken yn Fryslân en besjoch alle TV-reportaazjes oer de aksje

    Fan 11 novimber ôf is der by Omrop Fryslân alle dagen omtinken foar de itensbank en alles deromhinne. Sawol op televyzje, radio as ynternet. Alle TV-reportaazjes binne op dizze side werom te sjen.

    (advertinsje)

    Samen voor de Voedselbank fan 19 desimber | Finale

    • Samen voor de voedselbank| Finale

    Mei de grutte Voedselbankaksje by Omrop Fryslân is foar sa’n 115.000 euro oan produkten ophelle foar de Fryske Voedselbanken. Yn totaal binne der yn twa wike tiid mear as 50.000 produkten ynsammele.

    Samen voor de Voedselbank fan 18 desimber

    • Samen voor de Voedselbank fan 18 desimber

    Hjoed is Nynke de Vries te gast yn it live televyzjeprogramma Samen voor de Voedselbank. Sy is koördinator fan de Voedselbank yn Grou. Ferslachjouwer Miranda Werkman is by ferskate Voedselbankprojekten yn de provinsje del en fierder in reportaazje út Grou, wêr de bern fan OSG Sevenwolden ek dwaande binne mei in ynsammelaksje.

    Samen voor de Voedselbank fan 17 desimber

    • Samen voor de Voedselbank fan 17 desimber

    Jelle B. is hjoed te gast yn it live televyzjeprogramma Samen voor de Voedselbank. Ferslachjouwer Miranda Werkman gie mei Jelle B by de ferskate Voedselbankprojekten yn de provinsje del. Fierder in reportaazje út Hijum en Feinsum, dêr't skoalbern in ynsammelaksje op tou set hawwe.

    Samen voor de Voedselbank fan 16 desimber

    • Samen voor de Voedselbank fan 16 desimber

    Hjoed is Griet Wiersma te gast in it live televyzjeprogramma Samen voor de Voedselbank. En we hawwe in moaie reportaazje oer in frijwilliger fan de Voedselbank Ljouwert.

    Samen voor de Voedselbank fan 15 desimber

    • Samen voor de Voedselbank fan 15 desimber

    Yn Fryslân meitsje sa'n 6000 minsken gebrûk fan de Voedselbank. Sa ek de famylje Syswerda. Bart en Chantal Syswerda wenje mei har soantsje Dyon yn Ljouwert. Sûnt in jier binne se ôfhinklik fan de Voedselbank. Bart en Chantal gean der fan út dat se oer in pear jier út de skulden binne sadat se dan ek wer ôfskie nimme kinne fan de Voedselbank.

    In gesprek mei de famylje Syswerda, dy't libje fan de Voedselbank

    • In gesprek mei de famylje Syswerda, dy't libje fan de Voedselbank

    Yn Fryslân meitsje sa'n 6000 minsken gebrûk fan de Voedselbank. Sa ek de famylje Syswerda. Bart en Chantal Syswerda wenje mei har soantsje Dyon yn Ljouwert. Sûnt in jier binne se ôfhinklik fan de Voedselbank. Se binne op de goeie wei en gean der fanút dat se oer in pear jier út de skulden binne

    Bynt: Bliid wêze mei produkten of moat se ek sûn wêze?

    • Bynt: Bliid wêze mei produkten of moat se ek sûn wêze?

    At je ôfhinklik binne fan in itenspakket fan de itensbank, dan moatte je bliid wêze mei wat je krije, toch? Of moat je bûten de tankberheid om ek goed sjen nei hoe sûn sa'n pakket is? Dêroer prate wy mei diëtiste Sanne van de Ree.

    Hjoed: Jan Kooistra giet shoppen foar de Voedselbank

    • Ynsammeljen iten foar Voedselbanken úteinset

    Moandeitemoarn giene Jan Kooistra en syn frou nei de supermerk om boadskippen te heljen foar de voedselbank. Hâldbere produkten lykas kofje, tee en molke kamen yn 'e winkelkarre. Foar leafst 600 euro koe der shopt wurde foar de voedselbank. Dat jild is snein sammele mei it hurdrinnen oer de nije Heak om Ljouwert.

    It ynskriuwjild gie folslein nei de voedselbank. Mei folle karren út 'e winkel, it guod yn 'e auto lade en fluch nei Ljouwert om de boadskippen by Omrop Fryslân te besoargjen. En dan kinne de meiwurkers fuortendalks oan 'e slach.

    Bynt: Jaring Brunia, foarsitter fan Youth Food Movement

    • Bynt: Jaring Brunia, foarsitter fan Youth Food Movement

    Hoe kinne wy sa min mooglik iten fergrieme? De Youth Food Movement is in organisaasje fan jongeren dy't minsken bewust meitsje wolle fan earlik en sûn iten. En dêr heart by dat der gjin iten fuortsmiten wurdt.

    Wy prate der oer troch mei Jaring Brunia, in jonge melkfeeboer en foarsitter fan de Youth Food Movement Fryslân.

    Bynt: Reitse makket iten mei it itenspakket fan de Voedselbank

    • Bynt: Reitse makket iten mei it itenspakket fan de Voedselbank

    Moandei trapen wy offisjeel ôf by Omrop Fryslân foar it projekt “Samen voor de Voedselbank”. Yn de kommende twa wiken besykje wy safolle mooglik iten op te heljen om de itensbanken yn ús provinsje te stypjen.

    Reitse Spanninga lit op syn beurt sjen watsto foar lekkers klear meitsje kinst mei in itenspakket fan de itensbank.

    Hjoed: Ynsammeljen iten foar Voedselbank begûn

    • Ynsammeljen iten foar Voedselbanken úteinset

    Mear as 200 bananedoazen foarmje de iepener fan 'e aksje. Dizze doazen wurde brûkt om al it iten yn te sammeljen. It is de bedoeling dat minsken út de hiele provinsje harren produkten nei de Omrop tabringe.

    De aksje duorret twa wike. Genôch tiid om de hiele stapel doazen te fullen mei produkten fan it spesjale listje. De organisaasje tinkt no al dat se oan al dizze doazen net genôch ha.

    Aksjeliet 'Samen voor de Voedselbank' yn premjêre

    • 'Genôch' - Iris Kroes, Jack Bottleneck en De Fryslân All Stars

    Yn it radioprogramma Noardewyn is freed it liet 'Genôch' yn premjêre gien. It liet is spesjaal skreaun en opnaam foar de aksje 'Samen voor de Voedselbank' fan Omrop Fryslân. De tekst is skreaun troch Wiebe Kaspers, Jan Tekstra en it omroppublyk. Iris Kroes en Jack Bottleneck ha it grutste part fan it liet ynsongen. Dêrneist wurken ferskate Fryske artysten mei oan it aksjeliet.

    De aksje foar de Voedselbank giet nije wike echt los. Tusken 8 en 19 desimber kin elkenien produkten bringe by de omrop. Ek dogge 120 supermerken mei.

    'Genôch' is ôfrûne tiisdei opnaam yn de studio fan Omrop Fryslân. Te hearren binne: Iris Kroes, Jack Bottleneck, Harm van der Meer, Tjeerd Abma,
    Syb, Minke Adema, Johannes Rypma, Marcel Smit, Mariusz de Boer, Wiebe Kaspers, Johannes Veenstra, Raynaud Ritsma, Janneke Brakels, Carin Seegers, Anno van der Werf & Reinout Douma.

    Ek in koar fan omropmeiwurkers sjongt mei. De tekst is de ôfrûne wiken ta stân kaam mei help fan de harkers en sjoggers.

    HEA!: Melle hat it smoardrok

    • HEA!: Melle hat it smoardrok

    Melle Haijma fan Dronryp wurket twa dagen yn 'e wike as frijwilliger by de Voedselbank. En mei de kommende feestdagen is it dêr smoardrok.

    Bynt: Libje fan de itensbank

    • Bynt: Libje fan de itensbank

    Bestean moatte fan de itensbank is net maklik. Dochs kin it elkenien oerkomme. Jan Poppinga wie in skoft ôfhinklik fan de Voedselbank mar krabbelet no wer op. Yn Bynt fertelt er syn ferhaal.

    Provinsje stipet Voedselbank

    • Poepjes: Mear farsk iten nei de itensbank

    Der moat mear farsk fleis en griente yn de pakketten fan de itensbanken. De provinsje Fryslân sil him hjir aktyf foar ynsette. Fanwege in beheinde hâldberheidsdatum, is it foar de itsensbanken lestich om farske produkten yn de pakketten te dwaan. Hjir sil de provinsje no by helpe. Fryslân is ien fan de earste provinsjes yn it lân mei sa'n inisjatyf.

    De provinsje wol helpe mei jild foar bygelyks in goede frachtwein en in koeling. Ek sille meiwurkers fan de provinsje in hantsje helpe.

    Supermerken en restaurants smite no tonnen oan iten fuort, wylst minsken mei jildkrapte it iten graach ha wolle. Ek de klanten wolle graach mear farske produkten lykas fleis en griente yn harren pakketten. Neffens de provinsje wurdt it iten sawiesa fuortsmiten. It is sadwaande folle better dat it by de minsken telâne komt dy it brûke kinne as dat it yn de jiske-amer ferdwynt.

    Hea!: Stoffer Feenstra hellet mei in buske guod op by supermerken

    • Hea!: Stoffer Feenstra hellet mei in buske guod op by supermerken

    Yn Hea! nimt Stoffer Feenstra, frijwilliger by de Voedselbank, ús tongersdei mei. Hy is sjauffeur en rydt trije dagen yn 'e wike mei in buske om guod op te heljen by supermerken. Hy fynt it moai wurk en soe eins de hiele wike wol ride wolle. Hy snapt hiel goed dat der minsken binne dy't it iten nedich ha, want hy hat it sels ek net sa breed...

    Tsjek: Alyt giet om boadskippen

    • Tsjek: Alyt giet om boadskippen

    Alyt giet nei de supermerk. Net foar har sels of foar har mem. Nee, sy keapet guod foar de Voedselbank. Alyt hellet allinich boadskippen dêr't de itensbanken ferlet fan hawwe.

    Bynt: Utlis oer de Voedselbank-aksje

    • Bynt: Utlis oer de Voedselbank-aksje

    Douwe Boersma fertelt yn Bynt wat de aksje ynhâldt en Klaas de Vries, direkteur fan Voedselbank Ljouwert, leit út fan wat foar produkten itensbanken it measte ferlet ha.

    Voedselbank-aksje fan start!

    • Ynsammelaksje foar itensbank fan start

    De Voedselbank-aksje is offisjeel fan start gien. Tiisdei waard de oerienkomst tekene tusken Omrop Fryslân en de 18 Fryske itensbanken.

    (advertinsje)