Samen voor de Voedselbank

Voedselbankaksje smyt € 115.000 oan produkten op

Mei de grutte Voedselbankaksje by Omrop Fryslân is foar sa’n 115.000 euro oan produkten ophelle foar de Fryske Voedselbanken. Yn totaal binne der yn twa wike tiid mear as 50.000 produkten ynsammele. Dat is hjoed bekend makke yn it ‘Voedselbanksjoernaal’ op de finaledei fan de aksje. As alle produkten teld binne, wurdt de definitive einstân bekend makke.


De aksje ‘Samen voor de Voedselbank’ wie in inisjatyf fan 12 regionale omroppen yn Nederlân en wie ek yn Fryslân in sukses. Projektlieder fan de aksje by Omrop Fryslân, Piter Zwart: “Wy kieze foar in hiel regionaal doel en it is moai om te sjen dat sa’n protte minsken sa belutsen wienen en sels allegear foarmen betocht hawwe om aksje te fieren. Mar ek dat minsken gewoan mei in doaze hjir oan de doar kamen, joech oan dat minsken hiel belutsen wienen. Dat wie prachtich om te sjen.”

De ôfrûne wiken binne minsken yn hiel Fryslân yn it spier west foar de aksje. Op skoallen, yn âldereintehuzen, by bedriuwen en sels yn museums en op skûtsjes waarden produkten ynsammele foar de Voedselbank. Minsken koenen ek produkten fan de spesjale boadskiplist keapje en efterlitte by sa’n santich supermerken yn Fryslân. Al it guod is mei help fan mear as 150 frijwilligers by Omrop Fryslân sammele en sortearre. De produkten wurde ferdield oer de Voedselbanken yn Fryslân.

Tank foar al jimme ynset en help!

(advertinsje)

Yn aksje foar de itensbank

De aksje fan Omrop Fryslân foar de Voedselbank is sûnt moandei los. Oant en mei 19 desimber besiket de omrop mei help fan alle harkers, sjoggers en besikers safolle mooglik itensguod yn te sammeljen foar de Fryske itensbanken. 'Samen voor de Voedselbank' is in inisjatyf fan 12 regionale omroppen yn Nederlân.

Aksjenûmer

Foar de aksje is in spesjaal telefoannûmer: 058-7600026. Dit nûmer is alle dagen te berikken tusken 9.00 en 18.00 oere.

Help mei

Wy kinne fansels net sûnder jo help! Dat kin op ferskate manieren:
* gean nei ien fan de dielnimmende supermerken, keapje ien of meardere produkten fan ús boadskiplistje en leverje it dêr yn
* betink in aksje, meld it oan by de redaksje, sammelje safolle mooglik produkten yn fan it boadskiplistje en bring alles sels by de omrop del. Dat kin alle dagen tusken 9:00 - 18.00 oere.
* dûk thús de kast yn of gean nei jo supermerk, sykje nei produkten fan it boadskiplistje en bring it sels by de omrop del. Dat kin alle dagen tusken 9:00 - 18.00 oere.

Fragen?

Ha jo fragen oer de aksje, stjoer dan in mail nei: voedselbank@omropfryslan.nl. Der is ek in spesjaal telefoannûmer foar de aksje: 058-7600026. Dit nûmer is alle dagen te berikken tusken 9.00 en 18.00 oere.

De aksjeside

Op dizze side fine jo alle ynformaasje oer de aksje. Lykas it boadskiplistje, de supermerken dy't meidogge en in oersjoch fan alle aksjes yn de provinsje.

De Voedselbankaksje op Omrop Fryslân

Yn ús programma's op radio en televyzje wurdt omtinken jûn oan de Voedselbank, de frijwilligers en de minsken dy't it nedich ha. Fan 15 oant en mei 19 desimber is der ek alle wurkdagen in spesjaal televyzjeprogramma. Wy slute de aksje ôf op freed 19 desimber mei in grutte slotdei op radio, televyzje en ynternet.

Poster

Download hjir de poster fan de aksje. Op de poster steane de produkten dêr't de Voedselbank ferlet fan hat en wurdt stap foar stap útlein wat de bedoeling is fan de aksje.

Voedselbank-aksjeliet

Spesjaal foar 'Samen voor de Voedselbank' is der in liet makke mei help fan it publyk. It liet 'Genôch' wurdt songen troch Iris Kroes, Jack Bottleneck en De Fryslân All Stars.

(advertinsje)