De Voedselbank yn it nijs

Folgje it lêste nijs oer de itensbanken yn Fryslân en besjoch alle TV-reportaazjes oer de aksje

    Fan 11 novimber ôf is der by Omrop Fryslân alle dagen omtinken foar de itensbank en alles deromhinne. Sawol op televyzje, radio as ynternet. Alle TV-reportaazjes binne op dizze side werom te sjen.

    (advertinsje)

    De útdaging fan Raynaud Ritsma, dei 1: 5 dagen libje op in Voedselbankpakket

    Raynaud Ritsma wol wat klusse. Dat giet net hielendal goed...

    Hendrik Westra fan Frjentsjer makket spesjaal foar de Omrop-aksje trijedimensjonale buordsjes, yn in hok yn Doanjum. It jild wat er dêrmei ophellet, jout er oan de Voedselbank. Geert en Raynaud fine it in moaie aksje, en se wolle graach helpe. Mar as Raynaud it ark oppakt, giet dat net hielendal goed... Wa't ien fan dy buordsjes ha wol, kin se bestelle fia de facebookside fan Hendrik Westra.

    Soad lytsere inisjativen foar de Voedselbank

    Troch de provinsje hinne binne in soad lytsere inisjativen foar de Voedselbankaksje. We seagen hjoed by twa skoallen dêr't de learlingen fanatyk de hannen út de mouwen stekke.

    Raynaud giet de útdaging oan

    Hoe is it om fan in bytsje jild en in Voedselbankpakket rûnkomme te moatten? Vangrail-frontman Raynaud Ritsma is ambassadeur fan de Voedselbank aksje en giet de útdaging oan. Wy stjoere him jûn nei hûs mei in pakket en in kamera.

    Connecting Hands yn aksje foar de Voedselbank

    In soad minsken en ynstellings komme yn aksje foar de itensbank. Lykas Connecting Hands yn Ljouwert, in bedriuw dat help biedt oan minsken mei psychyske klachten. Meiwurkers diene moandeitemoarn fuortendaliks al boadskippen foar de aksje Help de Voedselbank.

    "Myn bern wite net dat se fan de voedselbank ite"

    Ferslachjouwer Geert van Tuinen wie ergens yn Fryslân by in frou dy't net sûnder de Voedselbanken kin. Foar har is dat wol dreech. Har eigen bern wite net dat se fan de Voedselbank ite.

    De Voedselbank-aksje is wer los!

    Op moandei 9 novimber is de aksje 'Samen voor de Voedselbank' by Omrop Fryslân wer los gien. Sawol yn Bynt as yn Hjoed wiene reportaazjes te sjen.

    (advertinsje)