De aksjes

Dit binne alle aksjes

    Benijd nei de aksjes by dy yn de buert? Wy ha alle aksjes dy't by ús oanmeld binne yn in kaartsje setten. 

    (advertinsje)

    In ekslusive rûnlieding yn ruil foar waskmiddel

      Ek altyd alris by Omrop Fryslân sjen wold? Dit is dyn kâns! Yn ruil foar twa pakken of flessen waskmiddel krijsto no sneon in eksklusive rûnlieding. Jou dy op fia voedselbank@omropfryslan.nl.

      Meitsje kâns op in skilderij fan Bert Heerink

      Sjonger Bert Heerink is belutsen by de aksje Stichting Urgente Noden Nederland. Bert stelt ien fan syn skilderijen beskikber foar de provinsje Fryslân. Minsken kinne de aksje fan Stichting Urgente Noden Nederland en de Voedselbankaksje stypje troch in jildbedrach te donerearjen nei banknr. NL 84 INGB 0000 272727 t.n.v. SUNN. De helte fan dizze donaasje giet nei de Samen voor de Voedselbankaksje.

      Minsken meie sels witte hoe heech dat bedrach is. Dat kin 2 euro wêze, mar ek 250 euro. Op 18 desimber lûkt de notaris út dizze donaasjes ien dy’t it skilderij mei list en hantekening fan Bert wûn hat.

      Mear ynformaasje stiet op Facebookside fan Bert Heerink.

      (advertinsje)