Samen voor de Voedselbank

Mei-inoar 122.500 euro ophelle!

Nei twa wiken 'Samen voor de Voedselbank' is der foar sa'n 122.486 euro oan produkten ophelle! Dat is goed 7.000 euro mear as foarich jier. Yn totaal binne dit jier mear as 74.000 produkten sammele dy't ferspraat wurde kinne oer de itensbanken fan Fryslân.

(advertinsje)

Omrop Fryslân komt yn aksje foar de Fryske itensbanken

    Wy kinne fansels net sûnder dyn help! Dat kin op ferskate manieren:

    It ynleverjen by de omrop kin fan moandei 7 desimber o/m freed 18 desimber. Alle dagen tusken 9.00 en 18.00 oere.

    De aksje by de supermerken begjint op moandei 7 desimber en eindigt op tongersdei 17 desimber. (NB: de aksje fan de Poiesz is lykas ferline jier wer allinich de sneons)

    Poster

    Hast ús poster al sjoen? Hjirop steane de produkten dêr't de Voedselbank ferlet fan hat en wurdt stap foar stap útlein wat de bedoeling is fan de aksje. Download de poster hjir, printsje him út en hingje him op!

    Fragen?

    Ha jo fragen oer de aksje, stjoer dan in mail nei: voedselbank@omropfryslan.nl. Der is ek in spesjaal telefoannûmer foar de aksje: 058-2037050.

    De aksjeside

    Op dizze side fine jo alle ynformaasje oer de aksje. Lykas it boadskiplistje, de supermerken dy't meidogge en in oersjoch fan alle aksjes yn de provinsje.

    De Voedselbankaksje op Omrop Fryslân

    Yn ús programma's op radio en telefyzje wurdt omtinken jûn oan de Voedselbank, de frijwilligers en de minsken dy't it nedich ha. Wy slute de aksje ôf op freed 18 desimber mei in grutte slotdei op radio, telefyzje en ynternet. 

    (advertinsje)