Valentijn by Omrop Fryslân

Wa fertsjinnet in blomke foar Valentijn?

Omrop Fryslân is freed de hiele dei op 'en paad om minsken te ferrassen mei in Valentijnsboeket. Sij krije de blommen omdat oare minsken fine dat se dat fertsjinje. Harkers koene de ôfrûne dagen kandidaten nominearje, wêrfan't sy fine dat se sa'n blomke fertsjinje.

De Valentijnsaksje fan Omrop Fryslân is de hiele dei te folgjen op de radio en ek binne alle ferhalen te lêzen en te beharkjen fia dizze side.

(advertinsje)

It lêste blomke is foar Marije Talsma fan Tsjummearum

  • It lêste blomke is foar Marije Talsma

It lêste blomke fan ús Valentijnsaksje is foar Marije Talsma fan Tsjummearum. Se wurdt yn it sintsje setten troch Sietske van der Mei. Neffens Sietske is de 28-jierrige Marije in echt doarpsfamke. Se jout in hiele rige argumenten: "Sietske wurket fol fan leafde by ferstanlik beheinde minsken, se hat as jong famke mei soarge foar har ferstanlik beheinde en dôfstomme suske dy't op jonge leeftiid ferstoarn is, Marije har mem hast hielendal dôf is en se hat in protte oan Marije omdat se der altiid foar har is. Dêrneist is har heit is slim siik. Marije set alles oan de kant om har âlden by te stean yn dizze drege tiid, derby sifert se harsels fuort en klaget noait! Sa'n jong famke en al safolle soargen en dan fol leafde hjirmei om gean en eins noait om harsels tinke, dat fertsjinnet dochs grif in blomke en ris efkes yn it sintsje stean?". Dat fûnen wy ek en dêrom is it lêste blomke foar Marije.

In blomke foar Griet Buren (81) foar har brutsen pols en trochsettingsfermogen

  • Griet Buren krijt in blomke fan har dochter

Sia van der Schoot fynt dat har mem, Griet Buren-Lautenbach, fan 81 jier út Seisbierrum in blomke fertsjinnet. Se skriuwt: "Op 18 oktober is ze van de trap gevallen en heeft ze haar pols gebroken. Ondanks deze tegenslag is ze toch overwegend positief gebleven en vorige week weer voorzichtig geprobeerd te autorijden. Mijn broer heeft iets aan de autosleutel gefabriceerd zodat ze deze om kan draaien in het slot. Want haar pols is nog steeds niet helemaal genezen en zal waarschijnlijk dat ook niet doen". Neffens Sia is har mem in echte trochsetter. Sa wennet se noch allinne en docht alles noch sels.

In blomke foar Johannes Bloem, fan syn frou

  • Johannes Bloem fan Hijum

Neffens Sijmentje Bloem fertsjinnet har leave man Johannes út Hijum in blomke. Se mailt ús: "Hij staat klaar voor mij en ons gezin, twee lieve dochters waarvan eentje studeert en de andere rolstoelbeperkt is en naar de dagbesteding gaat en daar vaak naar toegebracht wordt door heit Johannes. Ook is hij onze kok en bakker in huis, ook al heeft hijzelf te kampen met lichamelijke problemen waardoor hij is afgekeurd om zijn mooie werk als onderhoudsschilder te kunnen doen". En dus wurdt er troch ús ferslachjouwer ferrast mei in moai Valentijnsboeket by it biljerten yn it doarpshûs.

In blomke foar Baukje van der Werf omdat se sa goed foar mem Talma soarget

  • Baukje van der Werf krijt in blomke fan Jappy Talma

Jappy Talma hat ús frege om in blomke te bringen nei Baukje van der Werf. Hy skriuwt ús: "Baukje is in skat, se komt elke wike by mem del om in miel waarm iten te bringen. Se ite dan tegearre. Wykliks tôget Baukje wol 'n kear of fjouwer/fiif in oantal strjitten del om efkes by har del te striken foar 'n praatsje en beiden 'n bakje kofje." Talma syn mem is mei har 96 jier de âldste ynwenner fan Rinsumageast en se wennet noch selstannich yn it âlderlik hûs.

Sybrich (8) krijt in blomke fan har buorjonge Jilmar (hast 8)

  • Jilmar en Sybrich

Jilmar wol graach in blomke jaan oan syn buorfamke Sybrich. Jilmar hat al in grutte Valentijnskaart foar har. Syn mem skriuwt: "Onze zoon Jilmar, 7 jaar, bijna 8, is al vanaf zijn 'geboorte' verliefd op zijn buurmeisje Sybrich, 8 jaar. Ze spelen vaak samen, zitten bij elkaar in de klas, en sturen elkaar soms lieve briefjes!" De leafde is 'wederzijds'....

In Valentijnsblomke foar Anne Wobbes, foar syn jierdei

  • Anne Wobbes krijt in blomke fan syn frou Geeske

Op Valentijnsdei wurdt Anne Wobbes fan Hurdegaryp 65 jier. Syn frou Geeske hat him opjûn foar in blomke: "Vroeger was hij niet de op de hoogte van het fenomeen "Valentijnsdag". Nu vind ik dat hij best wel eens in het zonnetje gezet mag worden nu het toch wel een hele bijzondere dag hoopt worden en hij nog steeds mijn Valentijn is. Hij vindt deze "poespas" vast niks, maar des te mooier is het." Tegearre binne se al drok dwaande mei bakken fan it taart foar de jierdei.

In blomke fan kankerpasjint Anna foar har man en kankerpasjint Peter

  • It ferhaal fan Anna en Peter Bakker

Anna Bakker fan Wommels jout har man op foar it Valentijnsblomke. Se skriuwt: "Ik wol graach myn man Peter Bakker út Wommels opjaan foar it Valentijnsboeket. It is sa dat wy tegearre yn 2014 troffen binne troch de sykte kanker. Earst ik yn jannewaris mei blaaskanker, nei in swiere operaasje alles fuorthelle. En doe yn juni kaam myn man Peter yn it sikehûs mei focht achter de longen en doe die bliken dat hij lymfeklierkanker hie. Nei in perioade fan chemo foar him moast ik ek wer troch de skan foar kontrôle en wat docht bliken: ik ha útsaaiings. Der wurdt sein dat it net te genêzen is, mooglijk allinne stillizze of ôfremje." Yn novimber binne Peter en Anne troud, in dei mei dûbele gefoelens. Mar se geane troch.

Jacobien Rozema en har grutte leafde Foppe

  • In blomke fan Jacobien foar har man Foppe

Jacobien fan Snits hat har man Foppe Rozema opjûn foar it Valentijnsblomke. Juster wienen se 15 jier troud. Nei al dy tiid is se noch altyd smoarfereale op har Foppe: "Bij de eerste blik wist ik het zeker: Ik heb je gevonden. Foppe, een echte fries die de kat uit de boom kijkt, heeft iets meer tijd nodig. Op zaterdag 12 februari 2000 stappen we in het huwelijksbootje. Een geweldig huwelijksfeest wat een prachtige start van ons huwelijk bleek te zijn. Ik heb Foppe gewaarschuwd voordat hij ja zei: als je met mij verder gaat is jou leven nooit meer saai. Hoe hoog de golven ook waren; we kwamen er altijd samen uit."

Wimmie jout har man in blomke "omdat hy der altyd foar my is"

  • Ferslachjouwer Andries Bakker by Wimmie Roukema en har man Hilbert

Wimmie Roukema-Van der Meer fan Heech hat har man, Hilbert Roukema, opjûn foar it blomke. Se binne 12 by elkoar en ha twa famkes: Jannemarije fan 6 jier en Yeldau fan 4. "Ik bin ferskriklik wiis mei him! En ik bin tige grutsk op Hilbert: hoe't er der altyd foar my is, sa'n leuke heit hy is foar Jannemarije en Yeldau, en sa goed hy it docht op syn wurk. Yn de jierren dat wy elkoar kinne ha wy ek hiele drege tiden meimakke; ik haw faak mei myself yn de knoop sitten, depressyf west. Dit wie foar Hilbert ek beslist net maklik, mar hy wie der altyd foar my, onvoorwaardelijk. Foar syn wurk moat Hilbert wol gau ris op reis nei it bûtenlân, jim kinne jim miskien wol foarstelle dat it net leuk wie om ús dan sa achter te litten. It giet no gelokkich al in pear moannen hiel best mei my, wat foar ús hiele gesin hiel fijn is!"

Martsje hat in blomke foar it hiele gesin fanwege de drege tiid

  • Andries Bakker by Dieuwerke de Boer op De Lemmer

Martsje Bergsma hat har mem Dieuwerke opjûn foar in blomke, of eins it hiele gesin. It gesin fan Martsje sit yn in drege tiid, omdat har heit en mem sûnt dizze simmer út mekoar binne. Se skriuwt ús: "Hjir hawwe wy it as gesin hiel moeilik mei hân. It is noch hieltyd in moeilike situaasje en it moat bot wenne. Myn mem wennet no yn De Lemmer en ik toffelje alle wiken wat hinne en wer mei myn guod om by beide te wenjen. Foaral myn mem hat it noch hiel swier en ik fyn dat sy wat leuks fertsjinnet foar Valentijnsdei". Martsje wol har mem sjen litte dat se der net allinnich foar stiet. It hiele gesin docht 'keihurd' harren best en dit mei beleane wurde, sa fynt se.

In blomke foar Siepie en Cor Zijlstra foar it bystean fan útprosedearre asylsikers

  • Ferslachjouwer Andries Bakker by Cor en Siepie Zijlstra yn Drachten

Jelly Hamburg hat har suster en sweager Siepie & Cor Zijlstra út Drachten opjûn foar it Valentijnsblomke. Se skriuwt: "Mijn zus is 76 jaar en ondanks haar slechte gezondheid is ze nog steeds actief in het bijstaan van asielzoekers die uitgeprocedeerd zijn. Zij is al wel 25 jaar hier zeer intensief mee bezig en heeft mede door haar inzet al veel mensen aan een verblijfsvergunning geholpen. Zij en haar man hebben soms hele gezinnen in huis genomen, bijvoorbeeld omdat ze met hun gezin, met 3 kleine kinderen op kerstavond verkleumd bij een bushalte stonden. Siepie had dit niet kunnen doen zonder de steun van haar man."

PGB-begelieder Inge Slot krijt in blomke fan Femke (9), "omdat se sa geweldich is"

  • Ferslachjouwer Andries Bakker by Inge Slot en Femke van der Heide yn Grou

Inge Slot (24 jier) is al 6 jier de PGB-begelieder fan Femke van der Heide. Femke is 9 jier, komt út Wurdum en hat it syndroom fan Down. Se binne ek echt freondinnen wurde yn dy tiid en se misse elkoar ek al gau as se elkoar yn fakânsjetiid wat minder sjogge. De âlden fan Femke, Bart & Lieuwkje van der Heide, binne hiel wiis mei Inge: "Se is geweldich, geweldich en noch ris geweldich. Us Femke giet mei har op fakânsje en by alles wat Inge docht, giet Femke mei. Sa geweldich, wy binne sa wiis mei Inge en har famylje".

(advertinsje)