Yn 'Wurkse noch' sykje studinten Marc Walda en Sjoerd de Jong út hokker bybanen de studinten yn Fryslân hawwe. Hoe betelje sy harren studzje eins? Yn de earste útstjoering giet Sjoerd op besite by Apenkoppen, in mediabedriuw yn Ljouwert oprjochte troch studinten. Marc is op besite by Reinoudt, hy wurket by de Poiesz. Yn dizze útstjoering sil Marc meiwurkje by Reinoudt en docht hy saken dy't hy noch nea earder dien hat.