Wurden fan Gysbert fan 17 juny 2021 16:00

Op tongersdei 17 juny wurdt yn de Broeretsjeke yn Bolsward de nije dûbel-cd 'Wurden' fan komponist/sjongeres Hiske Oosterwijk presintearre. Omrop Fryslân is der by en stjoert it fan 16.00 oere ôf live út.

Hiske Oosterwijk sette foar 'Wurden' it wurk fan de 17-iuwse dichter Gysbert Japicx om ta nije muzyk. De Gysbert Japicx Holckema stifting joech Oosterwijk, mei help fan in bydrage fan Fûns Poadium keunsten, in 2020 de opdracht om nije stikken te meitsjen op it wurk fan Gysbert Japicx ( 1603 -1666 ). Earder al makke Oosterwijk op Gysbert ynspirearre wurk foar har ôfstudearopdracht oan it Prins Claus konservatoarium yn Grins.

Wurden fan Gysbert

Rjochtstreeks te folgjen de presintaasje fan de dûbel-cd 'Wurden' fan Hiske Oosterwijk.
(Advertinsje)