Wike 8 - Training 3

Training 3

9, 7, 5, 3 minuten hurdrinne, tuskentroch 2 minuten (9, 7) of 1 minút (5, 3) kuierje

Hurdrincoach Jaring de Groot oer superkompensaasje en blessueres

Superkompensaasje is yn fan de belangrykste trainingprinsipes. It is de basis fan wêrom datst fan hurdrintraining better wurdst, ast mar genôch tiid nimst om ta rêst te kommen. Do trainst en dêrtroch wurdt de balâns yn dyn lichem fersteurd. De training soarget derfoar dat oan de ein fan dyn training de ynspanning ek genôch is.

Nei de training sil it lichem bykomme moatte. As it werstel goed genôch is, sil dit net allinnich oant it basisnivo wêze mar der krekt boppe. Krigest dus wat ekstra enerzjy! Wurdt der dan dêrnei net mear traind, dan sil it nivo wer útkomme op de prestaasje fan foar de training.

Ien kear per wike traine is net genôch. De perioade tusken de beide trainingen is te grut en dêrtroch wurdt neat opboud. Twa kear yn de wike traine is dus minimaal en trije kear is optimaal. En as der net genôch werstel is, dan is de kâns op blessueres ek grutter.

De measte blessuers by it hurdrinnen binne dy oan de fuotten, ankels, skynbonke, knibbels, rêch en heupen. Om blessueres foar te kommen in oantal tips:
• Meitsje der in gewoante fan om foar de training tsien minuten te kuierjen.
• Doch nei dit kuierjen in oantal rek- en strekoefeningen.
• Besykje tusken de trainingen troch in dei rêst te hâlden. Sa kin it lichem bykomme en is de kâns op blessueres troch oerbelesting folle lytser.
• Besykje safolle mooglik op de ferhurde ûndergrûn te rinnen. Dit is moai stabyl foar in begjinnende rinner.
• Doch ek ris in oare sport njonken it hurdrinnen, bygelyks fytse of swimme.
• Skriuw dyn ûnderfinings op nei de training. Sa krigest in patroan yn dyn trainingsopbou en kinst ek sjen ast tefolle of te min dien hast.

Rekkest wol blessearre, nim dan wat ekstra rêst en skeakelje sa mooglik in spesjalist yn. Bepraat dêrmei ek wat it bêste is om it trainingsprogramma wer op te pakken.

Jaring de Groot

Fit mei Femke

3...2...1... Start! Rin dy no 'Fit mei Femke: trettjin wiken hurdrintraining mei podcasts yn it Frysk ynsprutsen troch presintatrise Femke de Walle.
(advertinsje)