Wike 12 - Training 1

Training 1

35 minuten hurdrinne

Jaring de Groot: "Tips om troch te setten"

De Simmer yn Fryslân-loop komt no echt tichtby. Bist der al hielendal klear foar of komme der toch wat 'kleine pijntjes' om de hoeke sjen? Bliuw posityf en hâld de gedachte fêst datst it kinst. Hâld dy ek goed oan it trainingsprogramma en doch seker net mear as dat yn it programma stiet. De bedoeling is sels om wat gas werom te nimmen, om dy sa wat rêst te jaan foar de dei fan 13 septimber dêr't it gebeure moat. Dizze wiken binne miskien wol it swierst. Eins bist der fierhinne klear foar, mar moast dy noch efkes wat ynhâlde. Mar it komt goed.

Dan is de Simmer yn Fryslân-loop op 13 septimber foarby, en dan...? Is soe spitich wêze dat de basis fan 5 kilometer hurdrinne ferlern giet. Kinst foar dysels trochgean mei hurdrinnen en bliuw dat minimaal twa kear per wike dwaan. Stadichoan kinst de ôfstân dan wat fierder útwreidzje.

Mar in soad minsken ha toch in 'stok achter de doar' nedich. Dan is in rinklup in oanrieder. Yn Fryslân binne tal fan atletykferienings en ringroepen aktyf. Sport Fryslân hat hjir wol in goed oersjoch fan. It foardiel fan in ringroep is dus dy 'stok', mar ek it foardiel fan mei-inoar rinne. Seker yn de winterperioade is dat noflik. Boppedat kinst ûnderling wat kompetysje oangean, is it sosjale aspekt belangryk en is it leuk om mei in groep nei in wedstriid ta te gean. En je kinne ûnderfinings yn it hurdrinne útwikselje. Koartsein in soad foardielen om nei de Simmer yn Fryslân-loop by in ringroep oan te sluten.

Jaring de Groot

Fit Mei Femke

3...2...1... Start! Rin dy no 'Fit mei Femke'. It tema fan de Simmer yn Fryslân 2015-kampanje is beweging. Sintraal stiet it trainingsprogramma ‘Fit mei Femke’: trettjin wiken hurdrintraining mei podcasts yn it Frysk ynsprutsen troch presintatrise Femke de Walle.
(advertinsje)