WeromropTV fan 8 juny 2020 17:30

LTV:  De sjongende strafpleiters

Werom yn de tiid mei Weromrop.TV, en wol nei 1995. De twillingbruorren Hans en Wim Anker út Akkrum ferdigenje as advokaat yn prinsipe elkenien dy't rjochtsbystân nedich hat. Faak moatte se útlizze wêrom se gjin kliïnten wegerje. Ek bûten de rjochtseal falle de Ankers op, want yn harren hobby's binne se like eigensinnich as yn harren wurk. Sa binne se kommintator by it Akkrumer evenemint 'Slingeraap'. Ek kinne je se samar sjongend yn de kroech fine.

WeromropTV

Bylden út it fideo-argyf fan Omrop Fryslân binne 24 oeren deis online te sjen op weromrop.nl. En alle freeds is der in kompilaasje makke út dit argyf mei in tema.
(advertinsje)