WeromropTV fan 8 augustus 2020 18:15

Simmer 2000

Dizze útstjoering fan Simmer 2000 op lokaasje komt diels fan in beurtskip ôf. It skip spilet in wichtige rol yn it iepenloftspul Thúsreize, dat yn 2000 op seis plakken yn de Opsterlânske Kompanjonsfeart opfierd waard. Gerard van der Veer praat mei skriuwer Roel Klijnstra. Hy hat it stik basearre op it boek Springtij fan Abe Brouwer en it libben fan beurtskipper Steffen van der Werf, dy't ek ynterviewd wurdt. Fierder muzyk fan de Feetwarmers en in sketsj fan Rients Gratama en Klaasje Postma.

WeromropTV

Bylden út it fideo-argyf fan Omrop Fryslân binne 24 oeren deis online te sjen op weromrop.nl. En alle freeds is der in kompilaasje makke út dit argyf mei in tema.
(Advertinsje)