WeromropTV fan 7 juny 2019 17:35

De grûn wurdt fergroeven. Yn 1999 lizze de buordoarpkes Himpens/Tearns noch op it plattelân ûnder Ljouwert. Mar de greiden deromhinne sille folboud wurde mei huzen. Der wurdt mei mingde gefoelens sjoen nei de bou fan de nije Ljouwerter wenwyk Suderbuorren, dy't Himpens/Tearns opslokke sil.

WeromropTV

Bylden út it fideo-argyf fan Omrop Fryslân binne 24 oeren deis online te sjen op weromrop.nl. En alle freeds is der in kompilaasje makke út dit argyf mei in tema.
(advertinsje)