WeromropTV fan 6 july 2018 17:35

Yn juny 1998 wie it festival Frozenland yn de Griene Stjer by Ljouwert. Fanwege de strange kontrôle moasten de besikers wol in oere wachtsje foar't se talitten waarden. Under oaren de Heideroosjes en Run DMC treden op. It festival rekke lang net útferkocht, mar wie dochs in unyk súkses.

WeromropTV

Bylden út it fideo-argyf fan Omrop Fryslân binne 24 oeren deis online te sjen op weromrop.nl. En alle freeds is der in kompilaasje makke út dit argyf mei in tema.
(advertinsje)