WeromropTV fan 5 oktober 2018 17:45

Yn it programma Sadwaande wie yn de jierren '90 in soad omtinken foar beroppen. Yn dizze ôflevering fertelt sykhelterapeut Ina Buisman oer har fak. En Wendy van Gelderen út Ljouwert rint in dei mei op it frachtskip fan skipper Piter Brouwer. Se is noch mar 12, mar wit al hiel goed wat se wol: farre op in binnenfeartskip.

WeromropTV

Bylden út it fideo-argyf fan Omrop Fryslân binne 24 oeren deis online te sjen op weromrop.nl. En alle freeds is der in kompilaasje makke út dit argyf mei in tema.
(advertinsje)